Jongfolwoeksenen tige wolkom op de Waadeilannen

juny 12, 2018 19:56

Tal banen per sektor op de Waadeilannen yn 2017

Yn de ôfrûne jierren is it tal jongfolwoeksenen (18 oant 30 jier) op de Fryske Waadeilannen tanommen. Troch it oanlûken fan de ekonomy en it ferlingjen fan it toeristeseizoen is de wurkgelegenheid ek oanhelle. Dat liket geunstich foar de jongerein. De wenningmerk op de Waadeilannen is lykwols in behindering foar jongfolwoeksenen om harren (wer) op it eilân ta wenjen te setten. Ien en oar blykt út ûndersyk nei wenjen en arbeidzjen fan jongfolwoeksenen op de Waadeilannen fan it Frysk Sosjaal Planburo (FSP).

Tanommen perspektyf foar de jongerein
Foar in evenredige gearstalling fan de befolking is it fan belang dat de eilannen foar jongelju oantreklik bliuwe om te wenjen en te arbeidzjen. It tanimmen fan de wurkgelegenheid yn kombinaasje mei in grizer wurdende eilanner befolking biedt perspektyf foar jongfolwoeksenen. Dy binne hurd nedich foar de leefberens fan de eilanner mienskip en om de ekonomy draaiende te hâlden, want er driget no sels in tekoart oan arbeidskrêften te ûntstean.

Iensidige wurkgelegenheid
De wurkgelegenheid op de Waadeilannen is foaral te finen yn de hoareka en it toerisme. In soad fan dat wurk is op mbo-nivo. Foar jongelju mei in hbo- of universitêre oplieding bliuwt de wurkgelegenheid op de eilannen krap. In goede fearferbining is foar de jongerein wichtich. Dat de mear sneltsjinsten en wettertaksi’s komme, jout ek mear mooglikheden om op in eilân te wenjen en oan de fêste wâl te wurkjen. Ien kin bygelyks in pear dagen yn ‘e wike oan de fêste wâl wurkje en foar in part thús wurkje. Sa kinne jongelju in baan hawwe dy’t oanslút by harren oplieding en dochs op in eilân wenje.

Wenningmerk knyppunt
De wenningmerk op de Waadeilannen is foar jongfolwoeksenen it grutste knyppunt om op in eilân te wenjen. It oanbod fan hierwenten is beheind en it keapjen fan in hûs is lestich fanwegen de mânske huzeprizen en de oanskerpe hypoteekeasken. Om te soargjen dat de Waadeilannen oantreklik bliuwe foar jongfolwoeksenen leit de grutste útdaging yn it bieden fan betelbere wenrûmte.

ISISA-kongres
De resultaten van it ûndersyk wurde presintearre op it 16e ISISA-kongres, in wrâld-eilannekongres dat fan 10 oant 14 juny holden wurdt yn Ljouwert en op Skylge en organisearre wurdt troch de Wadde-akademy.

Mear ynfo is te finen fia:
https://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/wonen_en_werken_voor_jongvolwassenen_op_de_waddeneilanden_0.pdf

juny 12, 2018 19:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.