Jan Willem Zwart: Hûnestank

juny 2, 2018 20:30

Kollum

Hawwe jimme ek lêst fan hûnestank, wurdt frege. Se hawwe hjirre fan ’e wike krekt meand, wurdt sein…

Sa yn ’e midden fan de maitiid steane de berms en sleatswâlen hielendal fol mei blommen. Hynsteblommen, bûterblommen en in hiel soad hûnestank. It liket wol in wite see fan blommen. Yn de krante binne der reaksjes oer it meanen fan de berms, net te sunich. Der wurdt grif te betiid meand, wurdt der sein. It giet net goed mei de ynsekten en de greidefûgels. Dêrom moatte wy net te betiid meane, sizze oaren. Dochs moat de feilligens by de diken ek yn it each holden wurde.

Meane of net, de wite blommen steane der! Oeral. Der binne grif bern dy’t de blommen foar harren mem sykje om yn de faas te setten. Yn it tsjuster is it in soarte fan ljocht dat jin de wei wiist. De wei nei de simmer miskien?

Hûnestank, prachtige namme foar dy bysûndere plant. De plant dy’t safolle Fryske nammen hat. Miskien wol de measte Fryske nammen dy’t in plant hawwe kin.

Hûnestank, kikkertsblom, kikkertskrûd, luzeblêd, luzeblom, molk-en-bakblom, piperkrûd, slangekrûd, spûkeblom, stjonkblom, stjonkhoarne, stjonkkrûd, toeter en tongerblom en miskien binne der noch wol mear nammen foar, wa sil it sizze. Piipkrûd, is de meast brûkte namme. Faak wurdt de Hollânske namme fluitekruid brûkt.

Twizelermieden, Sânsleat. Foto © Jan Willem Zwart

De plant (Anthriscus sylvestris L.) is nijsgjirrich. Nijsgjirrich omdat de plant op it Krûdhôf yn Bûtenpost ûndersocht wurdt nei stoffen dy’t helpe om aaistokkanker te bestriden. De wittenskip giet dêr hiel fier yn en siket nei de juste koalstof-ferbiningen. De wittenskip mist soms wol de ferwûndering dy’t der ek is by dit soarte fan planten. Men kin de plant rûke, fiele, derop fluitsje en de witte kleur sjen. Miskien is it ferwûnderjen wol it yndied it belibjen fan de plant sels.

Maitiid. Opmjitte nei de simmer. Yn ferwûndering mei dy plant mei syn prachtige nammen. Ferwûndering. It wurdt wat past by de plant en by dizze tiid. Lit jo ferwûnderje troch dizze plant en mean him net daliks ôf. Tink oan de nammen en it bioferskaat mei de plant dy’t de oergong makket fan maitiid nei simmer.

 

 

juny 2, 2018 20:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.