Jan Willem Zwart: Gjin stres, bliuw thús!

juny 30, 2018 20:00

Kollum

De fakânsjes binne noch net iens begûn. Dochs is elkenien yn in soarte fan pre-fakânsjestimming. Der is gjin tiid mear, elkenien hat it drok! It moat allegearre noch efkes. Krekt as hinget it libben derfan ôf. Polityk-bestjoerlik wurdt der fan alles dien om projekten foar it reses noch krekt efkes ôf te meitsjen. Yn de polityk wolle  se de earste koälysjeplannen foarmjaan en de arbeiders moatte noch krekt efkes dit of dat dwaan. Thús moat der ek noch wat barre. De tún kreas, it hûs skjin en de boel oprêden.

De fakânsje komt deroan. Jûns moat der praat wurde oer wêr’t de reis hinne giet. Bliuwe wy yn Fryslân of geane wy dochs nei Frankryk? Hokker wei nimme wy? Sille wy kampearje of nimme wy in hotel? Wat kostet it? Is it fakânsjejild al byskreaun? Fragen dy’t foar fakânsjestres soargje kinne. Om dy fakânsjestres oan te kinnen binne miskien in pear ‘fakânsje 2018-tips’ handich om thús ris te besprekken.

Kulturele haadstêd (LF2018) biedt de kommende moannen noch in protte wat je net misse wolle. Bliuw thús en genietsje fan wat der yn Fryslân organisearre wurdt.
Us Fryske sporten wurde meastentiids yn de simmer spile.
Mei in boekje oan de kant fan it wetter nei it skûtsjesilen sjen, kin hiel rêstjaand wêze.
Fierljeppe en keatse, nearne yn ’e wrâld binne sokke sporten te sjen, meastal noch fergees ek.
De natuer yn Fryslân hat in grut ferskaat. Fan klif oant wâld, fan dún oant greide.

Om koart te kriemen: drok hawwe wy it altiten wolris. Drok dwaan is net nedich! Bliuw by josels! Bliuw yn jo eigen gea en genietsje fan ús provinsje. Untdek de plakken dêr’t jo nea west hawwe of sjoch in foarstelling fan LF2018 midden yn de natuer. Genietsje bewust en wit dat jo der net in dikke beurs foar nedich hawwe en ek noch ris goed foar it miljeu oan ’e gong binne. Gjin stres, bliuw thus!

Foto © Jan Willem Zwart

 

juny 30, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.