Iepening natuergebiet Wolvegea en nij ‘Roodbaardpad’

juny 2, 2018 17:54

De ynrjochting fan it natuergebiet súdlik fan Wolvegea is klear. Freed 1 juny hawwe de gearwurkjende partijen al puzeljend it gebiet iepene en ûntbleaten de winners de namme fan it nije kuierpaad: it ‘Roodbaardpad’. Dêrnei wie der noch in iepen middei foar de minsken út Wolvegea en omkriten.

Genietsje fan in prachtich gebiet
By de folkstunen by Wolvegea wei leit no in prachtich rolstoelfreonlik kuierpaad dêr’t de ynwenners fan Wolvegea en omkriten wille fan ha kinne. It paad komt by it opknapte Roodbaardpark De Nieuwe Aanleg en it nije útsjochtpunt lâns. Fan dat punt ôf is der in moai útsicht oer de nije en besteande petgatten en de beek De Lende. Wethâlder Jack Jongebloed: “Mei dit stikje nije natuer yn Wolvegea sette wy Weststellingwerf noch mear op ’e kaart as moaie, griene gemeente dêr’t it noflik wenjen, arbeidzjen en rekreëarjen is.”

In grutte fiver berget it tefolle oan reinwetter út Wolvegea. “Ekstra wetterberging is tige wichtich, foaral no’t wy troch klimaatferoaring mear wetter opheine moatte moatte by hoasbuien, en swiet wetter fêsthâlde moatte foar drûge tiden”, sei Marian Jager fan Wetterskip Fryslân. De nije bergingsfiver stiet yn ferbining mei reidfjilden (ek wol helofytenfilter) dy’t it wetter suverje. Mei de petgatten in prachtich gebiet dêr’t natuer en yn it bysûnder bisten har ûntjaan kinne. Henk de Vries fan It Fryske Gea: “Yn Wolvegea-Súd leit no moaie, fariearre natuer. It skjinne wetter, de reidfjilden en petgatten wer ynoarder, binne in paradys foar otters.”

Gearwurking
De provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea en gemeente Weststellingwerf arbeiden mei-inoar op oan de ynrjochting fan it projektgebiet Wolvegea-Súd. Deputearre Johannes Kramer: “Wy sprongen mit mekeer in et diepe, en zoe’n sprong brengt vraogen mit him mit. Gaon we mit mekeer lanen en lanen we op et juuste plak? Deur mekeer goed bi’j de haand te pakken, en dit tot et aende toe vol te holen is dat lokt. De puzel is klaor en et risseltaot mag d’r wezen!”

juny 2, 2018 17:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.