Hûnderten leafdesbrieven fan Jaap (93) nei Tresoar

juny 7, 2018 06:53

“Alle dagen seach ik wer út nei post fan har.”

Trije jier moast hy syn leafste Minke misse, doe’t er as militêr stasjonearre wie yn Nederlânsk-Ynje. Mar, fertelt Jaap Broersma santich jier letter, har brieven sleepten him dertroch. De kolleksje fan yn totaal sa’n 2000 brieven wurdt no oerhandige oan it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintum Tresoar. Dêr binne twa by dy’t noch net earder iepene wiene.

Foto: Tresoar

Sântich jier lyn wie Jaap Broersma fan Ie (Dongeradiel) stasjonearre as tsjinstplichtich militêr yn Perak by Soerabaja. Hy hie dêr in funksje yn de itensfoarsjenning foar de Nederlânske militêren. “Moarns begûn myn wurkdei om 7.00 oere en middeis om 13.00 oere wie ik klear”, sa fertelt er. Dan koe er brieven skriuwe. En dat hat er dien. Sels hat er yn de trije jier dat er fuort wie sa’n 1200 brieven skreaun, trochinoar mear as ien deis. De measte wiene bestimd foar syn freondinne, Minke Bosgraaf. “Wy skreauwen inoar trije brieven wyks. Alle dagen seach ik wer út nei post fan har. Minke’s brieven wienen sa belangryk, dy sleepten my dertroch.”

Minke, dy’t fan it Leechlân ûnder Kollum kaam, skreau oer fan alles en noch wat, oer dat wat se yn it doarp hearde en seach, oer famylje en kunde, mar ek oer it leauwe en de leafde. Dat lêste is in hieltiten weromkommend ûnderwerp. Dat jildt ek foar de brieven fan Jaap oan Minke. De langstme nei-inoar wie grut. Mear as 11.000 kilometer wiene se faninoar ferwidere en dat trije jier lang. In pear kear hawwe se yn de gelegenheid west om inoars stim te hearren. De saneamde sprutsen brieven waarden fêstlein op 78-toerenplaten en oerstjoerd. Dy binne ek mei de kolleksje oan Tresoar oerdroegen.

Minke en Jaap (foto: Tresoar)

It wachtsjen waard úteinliken beleanne. Heal april 1950 koene Jaap en Minke inoar omearmje. Al gau makken se trouplannen. Op 12 july 1951 wie it safier. Doe joegen se inoar yn it gemeentehûs yn Kollum it ja-wurd.

Yn 2015 hat Reinder Postma fan Aldwâld de kolleksje fan Broersma krige mei de bedoeling om der in boek oer te skriuwen. Dat boek mei as titel Liefde tussen Kollum en Perak ferskynde noch itselde jier. Postma en Broersma sille no freed yn Tresoar de kolleksje offisjeel oerdrage. In moaie oanwinst foar it argyf: neffens Otto Kuipers fan Tresoar jouwe de brieven in moai byld fan de earste nei-oarlochske jierren.

De brieven kinne ynearsten noch net ynsjoen wurde. De ôfspraak is dat de brieven mei it ferstjerren fan Broersma iepenbier wurde.

juny 7, 2018 06:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.