Herman van Rompuy hâldt sânde Rede fan Fryslân

juny 12, 2018 19:46

Ofbylding fan Wikipedia

De eardere foarsitter fan de Europeeske Ried Herman van Rompuy hâldt op freed 19 oktober 2018 de sânde Rede fan Fryslân. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok is grutsk dat de âld-premier fan België dit jier de sprekker wêze wol: “Krekt yn it jier fan Ljouwert en Fryslân as Kulturele Haadstêd fan Europa is it moai dat wy fan in gesachhawwende, belutsen en deskundige sprekker hearre kinne hoe’t er ûnder mear tsjin de posysje fan provinsjes as Fryslân yn Europa oansjocht.’’

De titel fan syn rede is: ‘Europa fan Viglius oant no’.

Van Rompuy wie mei yngong fan 1 jannewaris 2010 hast fiif jier de earste permaninte foarsitter fan de Europeeske Ried. Dy bestiet út alle regearingslieders fan de 28 lidsteaten fan de Europeeske Uny. Earder wie er ûnder mear in jier premier en seis jier minister fan Begrutting yn België.

De provinsje organisearret jierliks de Rede fan Fryslân. Dêr hâldt in persoan fan namme fan bûten Fryslân de regio in spegel foar, mei in each op de takomst. Eardere sprekkers wiene Coen Teulings, Bernard Wientjes, Gerdi Verbeet, Olaf Koens, SKH Prins Carlos en Pieter Winsemius.

De Rede fan Fryslân wurdt dizze kear holden yn de Kânselarij yn Ljouwert. Tagong is allinne mooglik op útnûging.

juny 12, 2018 19:46
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe juny 14, 19:11

    It is net in Rede fan, mar in Rede foar Fryslân dus. Mei it earste moatte je útsjen, mei it twadde net minder…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.