Helte fan de 65-plussers nimt nachts ûnnedich risiko

juny 14, 2018 10:15

Gefolgen fan in fal kinne geweldich grut wêze

Nachtferljochting (foto: Stifting Zilver Wonen)

Hast de helte fan de âlderen jout oan de rûte nei it húske net goed ferljochte te hawwen. Dêrmei rinne se ûnnedich risiko om nachts te fallen. Yn 2016 ferstoaren 3.883 âlderen oan de gefolgen fan in fal1. 38% fan de 65-plussers is de ôfrûne twa jier ien of ferskate kearen fallen. Mear as in fearn fan harren moast medyske help ynroppe2 en ûnderfynt noch alle dagen klachten as gefolch fan de fal. Yn guon gefallen binne de gefolgen sels sa grut dat der net mear selsstannich thús wenne wurde kin, of dat der tenei in rollator of rolstoel oan te pas komme moat. En dat is faak foar te kommen.

Dat kin oars…
Om nachtlike falpartijen foar te kommen, is in goede ferljochting fan essinsjeel belang. De helte fan de âlderen rint in serieus risiko troch nachts yn it tsjuster nei it húske te gean. Ut ûndersyk3 fan Stichting Zilver Wonen docht bliken dat hast de helte fan harren (47,5%) de rûte nei it húske min of net ferljochte hat. Coen Staal, foarsitter fan Zilver Wonen dêroer: “Troch lampen mei in bewegingssensor te pleatsen, sjocht men nachts goed wêr’t men rint. Dat kin al mei lytse lampkes bygelyks deun boppe de plinten, wêrtroch’t de partner nachts net wekker wurdt fan in ‘see oan ljocht’.

In troch Uneto-VNI erkende komfortynstallateur, Erwin Roks, jout der yn in filmke útlis oer. Dêryn wurdt sjen litten dat op fyftjin sintimeter fan de flier oanbrochte ljochtsjes troch middel fan in sensor oanspringe. Dat as ien nachts nei it húske giet, wurdt de rûte nei it húske ferljochte.

Selde ferdjipping
Hast tolve persint fan de âlderen hat gjin húske op deselde ferdjipping as de sliepkeamer. Om it risiko fan fallen op de trep yn it tsjuster lytser te meitsjen, is de bêste opsje om in húske te bouwen op deselde ferdjipping as de sliepkeamer. Staal: “As dat net mooglik is, kinne bûgels oan de draaiside fan de trep (dus oan de oare kant as dêr’t de leuning sit) foar ekstra hâldfêst soargje.”

Wenscan – tsjek de wenning op feiligens
Alderen tinke faak wol nei oer de feiligens yn harren wenning, mar witte soms net wêr’t se de ynformaasje dêroer wei helje moatte. Om harren dêrby te helpen, biedt Zilver Wonen op www.zilverwonen.nl de wenscan oan. Mei dy fergeze scan kin neigien wurde oft in hûs gaadlik is foar âlderen om feilich yn te wenjen en te bliuwen. Oan ’e hân fan in koarte fragelist wurdt it hûs test op falfeiligens, ferljochting en brân- en ynbraakprevinsje.

Stifting Zilver Wonen
Neist ûndersyk om âlderen neitinke te litten oer oanpassings oan harren hûs, beheart Zilver Wonen (ZW) ek it digitale platfoarm www.zilverwonen.nl. De stifting is yn april 2015 oprjochte om âldere minsken bewust te meitsjen fan harren (wen)situaasje en fan de needsaak om foarút te sjen. Partners fan ZW binne ûnder oare ANBO, Rabobank, Uneto-VNI en Evident PR.

1 http://statline.cbs.nl/Statweb/publication/?DM=SLNL&PA=7052_95&D1=84&D2=a&D3=0,15-21&D4=l&HDR=G1,G2,G3&STB=T&VW=T.

2 Undersyk útfierd troch Novioresearch ûnder 251 manlju en 290 froulju fan 65 oant 80-jier.

3 Undersyk útfierd ûnder 3.888 selsstannich wenjende âlderen tusken de 60-80 jier.

juny 14, 2018 10:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer juny 16, 14:30

    In húske op elke ferdjipping soe boufoarskrift wêze moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.