Gjin referindum oer orgaandonaasje

juny 11, 2018 22:22

Der komt gjin referindum oer orgaandonaasje. In inisjatyf dêrta fan it webstee GeenStijl om sa’n folksrieplachting ôf te twingen, is mislearre. Der wie fierste min belangstelling: der binne trijehûnderttûzen hantekens nedich, wol de steat in referindum útskriuwe. GeenStijl hat noch net de helte ophelle.

Earder dit jier karde de Twadde Keamer in útstel fan D66-Keamerlid Pia Dykstra goed foar in wet oer orgaandonaasje. Dy wet seit dat elkenien dy’t krekt ferstoarn is, yn prinsipe orgaandonor is, as er net by libben beswier makke hat. Earder wie it oarsom. De maatregel is derfoar ornearre om de krapte oan donororganen te ferhelpen.

Neist stipe rôp de wet ek in protte wjerstân op, benammen by minsken dy’t fan betinken binne dat de wet stridich is mei de ûnskeinberens fan it lichem. Foar GeenStijl wie de aksje boppedat in manier om sjen te litten dat referindums doel hawwe. It referindum wurdt nammentlik ôfskaft.

juny 11, 2018 22:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.