Gedicht: Ferjitlik

juny 23, 2018 11:12

Ferjitlik

Foto: morguefile.com

Anke hat fertriet, want beppe is siik
en dat fynt se ek sa sneu foar pake.
Mar oan pake sjocht se neat,
se hearde krekt noch dat er lake.

“Is pake der net fertrietlik om?”
woe Anke hiel graach witte.
“Jawis”, sei pake, “fansels haw ik fertriet,
mar ik kin ’t net goed fernimme litte.

No haw ik dêr in foefke foar.
Sjochst dêr dy spiker yn ’e planke?
Dêr hingje ik myn soargen oan op.”
Dat sei pake fêst út ’e gek, neffens Anke.

“As ik dan letter wer ris sjoch,
dan hingje der net folle mear,
want meastal bin ik wer fergetten
wat ik ophongen ha, de lêste kear.

Do silst sjen dat it helpt,
besykje it sels mar ris.”
Mar pake is âld en sa ferjitlik
en mei ’t ûnthâlden is wat mis.

Anke woe pake wol helpe.
Se sei tsjin harsels op in dei:
“As pake wer wat oan ’e spiker hinget,
dan helje ik it der gau wer wei.”

Sjoerd F. Talsma

juny 23, 2018 11:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*