Gast fan de ried by de gemeenteried yn Bestjoershûs

juny 12, 2018 08:35

Wolle jo mear witte oer hoe’t de polityk yn Súdwest-Fryslân wurket en yn ’e kunde komme mei riedsleden, wethâlders en de boargemaster? Meld jo dan oan as spesjale ‘Gast fan de ried’.

Op tongersdei 14 juny is de earstfolgjende ‘Gast fan de ried’. Dan kinne jo foar, by en nei de gearkomste fan de gemeenteried efter de skermen sjen yn it Bestjoershûs yn Snits. Belangstellenden kinne har oanmelde fia griffie@sudwestfryslan.nl. Sûnt 1 jannewaris hat Súdwest-Fryslân in nije gemeenteried en in nij kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Boppedat komt de gemeenteried sûnt febrewaris op in nij plak yn Snits byinoar: it Bestjoershûs.

Programma Gast fan de Ried
Dielnimmers oan Gast fan de Ried wurde om 18.00 oere ûntfongen yn it gemeentehûs op it Waltaplein oan de Markstraat 15 yn Snits. Under it genot fan in kop sop en in broadsje krije de dielnimmers ynformaasje oer de gearstalling fan de gemeenteried, de politike partijen en de riedswurklist fan dy jûn. Nei dy yntroduksje gean de gasten nei de riedseal, dêr’t op de publike tribune plakken foar harren reservearre binne. De riedsgearkomste set om 19.30 oere útein.

De riedsgearskomsten – en ek de tariedende kommisjegearkomsten – binne iepenbier. Dêrom is elkenien altyd wolkom om dy gearkomsten by te wenjen, ek as jo je net oanmelde foar ‘Gast fan de Ried’.

juny 12, 2018 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.