Garypster berne-opfang sertifisearre foar twatalich wurk

juny 12, 2018 20:04

foto: Mirjam van der Hoek

Op freed 8 juny wie it feest by ‘Kinderopvang’ Garyp. De lokaasje fan Freerk en Lynke Reitsma wurket sûnt 2015 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dat is mei de bern fierd. Sy hawwe de sertifikaten ‘Bernedeiferbliuw en pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krige en oanslutend wie der in poppeteater fan Tomke foar de jongste bern. Foar de âldere bern wiene der ferskate spultsjes en sy mochten har eigen pofferkes bakke.

De Garypster berne-opfang is in partikulier bedriuw. Der is opfang foar bern fan 0 oant 4 jier, pjutte-opfang en bûtenskoalske opfang. It is fêstige yn it âld molkfabryk fan Garyp.

Alle pedagogysk meiwurkers prate konsekwint Frysk mei elkenien. It Nederlânsk kriget in plak yn ôfbeakene taalaktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter in tredde en fjirde taal leare.

De fisitaasjekommisje skriuwt ûnder mear: ‘De liedsters kieze wol hiel bewust wat se oanbiede wolle en wikselje harren oanbod ôf. Sa is der foar de pjutten altiten wer wat “nijs” te ûntdekken. Yn it neipetear fertelde Fokalien dat se de byb ynskeakelje as se mei in nij tema begjinne. De byb soarget dan foar materiaal dat by it tema past.’

‘Wat ek opfalt is dat de liedsters hiel entûsjast binne en hert hawwe foar harren wurk en de pjutten. Wat moai om te sjen! Se witte de pjutten in krûpke, in triuwke yn ‘e rêch (figuerlik fansels) of, rêstich en leafdefol, in dúdlike grins oan te jaan.’

‘Ik ha in noflike moarn hân op de pjutte-opfang. Wat my hiel bot oanspruts wie dat de bern liedend binne. Der is in dúdlike reade tried te sjen, mei romte foar ynbring fan de pjutten. Al mei al in prachtich, feilich en noflik plak mei rike taalmominten foar pjutten om harren fierder te ûntwikkeljen.’

By it sertifisearringstrajekt krijt de lokaasje begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne goed 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch hieltyd.

juny 12, 2018 20:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.