FUEN-kongres WestCord WTC Hotel 20-24 juny

juny 15, 2018 11:02

De Ried fan de Fryske Beweging (RFFB) is fan woansdei 20 oant en mei snein 24 juny gasthear fan it 63ste jierkongres fan de Federal Union of European Nationalities (FUEN) dat yn it WestCord WTC Hotel yn Ljouwert holden wurdt. It kongres wurdt dêr holden, om’t Ljouwert fan ‘t jier kulturele haadstêd fan Europa is.

Europa’s grutste paraplu-organisaasje foar nasjonale minderheden en minderheidstalen hat yn ‘e mande mei de RFFB as oansletten Fryske organisaasje in nijsgjirrich en ynhâldlik goed programma gearstald. Der is in wurklist mei in grut ferskaat oan ûnderwerpen en sprekkers. Der binne prachtige kulturele mominten yn it hotel en op oare plakken. Der binne mear as 200 dielnimmers út alle dielen fan Europa. Dy fertsjintwurdigje de 98 FUEN-lidorganisaasjes yn mear as 33 lannen.

It Frysk en Fryslân krije fan ’t jier rom omtinken. Dy ûnderwerpen komme benammen de freeds oan ’e oarder. Dêrom begjint dy dei ek mei in wurd fan wolkom troch ús deputearre, Sietske Poepjes. De dielnimmers krije tagelyk in byld fan LF2018. Krekt as yn oare jierren komme de kânsen en bedrigingen fan de Europeeske minderheden en minderheidstalen oan ’e oarder. Nei de slagge Minority SafePack Intiative hantekenaksje (MSPI), tagelyk it oant no ta grutste project fan de FUEN, moatte mei soarch de folgjende stappen oangeande dat projekt trochpraat wurde. Oare belangrike ûnderwerpen binne: it ferskaat oan talen yn Europa, de hjoeddeiske situaasje oangeande it Frysk yn Nederlân en it útwikseljen fan wurkwizen dy’t fertuten dogge yn minderheidssituaasjes.

In grut ferskaat oan belangrike persoanen docht mei. Om in pear te neamen: Sietske Poepjes (deputearre), Ferd Crone, (boargenaster Ljouwert), Oeds Westerhof (LF2018), Bert Looper (Tresoar), Joane Duarte (Fryske Akademy), Alex Riemersma (NHLStenden), Goffe Jensma (RUG). Fierder dogge ferskillende politisy en bestjoerders út in ferskaat oan lannen mei en last but noy least: Fernand de Varennes (UN spesjale rapporteur oangeande minderhede-oangelegenheden).

It kongres begjint de woansdeitejûns mei de tradysjonele en ynformele merk om yn ’e kunde te kommen mei inoars gewoanten (iten en drinken) en kultuer (muzyk). De offisjele iepening is de tongersdeitemoarns om 9.00 oere.

It hiele programma is te finen op: congress2018.fuen.org

juny 15, 2018 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.