Frou yn Floarida wurdt by it hûneútlitten deade troch alligator

juny 9, 2018 08:09

Yn Floarida wiist alles derop dat in frou dy’t har hûnen útliet, biten en deade is troch in alligator. Ut in autopsy op it bist docht bliken dat de alligator de frou yn elts gefal biten hat. De autoriteiten gean derfan út dat de frou dea is en sykje nei har lichem.

Foto: pixabay.com

De 47-jierrige Shizuka Matsuki liet freed har hûnen út yn ’e omkrite fan in mar yn Davie, sa’n fjirtich kilometer benoarden Miami. In tsjûge seit dat de frou op in stuit ferdwûn wie wylst har hûnen by it wetter stiene te blaffen. Ien fan de hûnen hie in bytwûne.

By de syktocht nei de frou waard in hast fjouwer meter lange alligator opmurken. Nei’t it bist fongen wie, waard bewiis fûn dat de alligator de frou biten hie. De plysje hat net sein wat it bewiis wie.

Yn Floarida binne oeral wol alligators te finen, mar oanfallen mei deadlike ôfrin binne seldsum. Sûnt 1948 binne der 24 minsken deade by oanfallen troch alligators.

juny 9, 2018 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.