Frâns Kuipers: in tik wol wolris helpe

juny 16, 2018 20:00

Kollum

Underwiisminister Arie Slob makket him op it stuit slim drok oer it gebrek oan kennis oer Nederlânske noarmen en wearden. Bern hawwe gjin fatsoen leard. Dat moat yn it ûnderwiis oanbrocht wurde troch lesprogramma’s. Ik tink hiel simpel dat soks yn ’e húshâlding barre moat, mar dat sil wol âlderwetsk wêze of oerkomme.

Sosjaal-demografyske saakkundigen foarsjogge dat Nederlân, mar eins sa’n bytsje alle lannen fan Europa, binnen sechstich jier sa feroarje dat de eardere noarmen en wearden, dêr’t ik grut mei wurden bin stadichoan ferdwine of omfoarme wurde ta … sis it mar. Multikulty mienskip! Europeesk kristlike of sosjalistyske (religieuze en/of humanistyske) wearden fan eartiids wurde loslitten en dêr wol de minister wat tsjin dwaan. Hoe dan ek, stadichoan is der mear romte kommen foar frij tinken. In protte dwaan en litten stiet los fan tsjerklike of politike biningen. Sekularisaasje en yindividualisme lês ik ek wol as redenen fan dy (maatskiplike) feroaringen.

It is in feit dat de wrâld tichteby kommen is. Dat is fan dy gefolgen dat der in ‘natuerlike’ ferskowing yn de mienskip geande is, want der komme aloan mear ynwenners út oare kultueren yn. Dat kinne wy hast alle dagen yn de sjoernalen en praatprogramma’s op telefyzje en radio fernimme. Us westerske noarmen en wearden steane ûnder druk! It ûnderwiis sil bern en jongelju de fatsoensnoarmen bybringe moatte.

Us Nederlânske, westerske of kristlike noarmen wearden is neat mis, mar it komt allegearre fierstente let op it aljemint. Politisy binne goed yn dimpen fan putten, skreau ik yn myn foarige kollum, en dat, omdat der net foldwaande of hielendal net foarútsjoen is nei wat de effekten binne fan it frijer mei-inoar omgean. Respekt is stadichoan oan it ferdwinen.

Ik helje dy wiisheid út in ferhaal fan in âldere bollekweker (90 jier) yn Noard-Hollân. Dy wie yn syn wurksume libben ek tige polityk-maatskiplik aktyf. Hy wie belutsen en belêzen: in gewoane boargerman om respekt foar te hawwen. Wy rekken oan ’e praat ûnder in jierdeibesite, dêr’t somtiden samar in pear oeren praat wurde kin oer (fiere) fakânsje of plannen derta! Of oer wêr’t net al te djoere aardige, moderne flotte fleurige jurkjes en broeken te keap binne. It giet ek faak oer hoe moai oft de tún derfoar stiet! Allegearre ûnderwerpen der’t ik gjin ferstân fan haw.

Ik krige pratendewei mear respekt foar de kweker, dy’t ûnder it wurk, sittend op syn trekker mei sproeimasine, tiid hie om oer it wrâldbarren nei te tinken. Ek oer de oarsaak fan it weifallen fan respekt. Hy sei: “Frans, de terugval van normen en waarden is begonnen toen juf op de lagere school tegen de kinderen zei dat ze gewoon Annie mochten zeggen. Meester Piet werd Piet. Dáármee is het begonnen!”, wie syn stelling. Redenen: ûnderwiisminsken woene ticht by de bern, âlden en húshâldingen komme te stean om better mei-inoar noed te stean foar positive groei en ûntwikkeling fan de bern. Op himsels in goed prinsipe! De kweker hie mear as fyftjin jier yn in skoalbestjoer sitten en fan tichteby de feroaringen oankommen sjoen. Syn fyzje is: “Een juffrouw aan een school moet een beetje een autoriteit zijn, die boven de kinderen staat en goed overzicht heeft over de kinderen in de klas. Hetzelfde geldt natuurlijk voor een meester! Een dergelijke werkwijze geeft kinderen, maar ook de ouders een duidelijke structuur. Ouders hebben ook structuur nodig, vooral nu  alle kinderen  – als het even kan – naar zo hoog mogelijk vervolgonderwijs moeten!”

By in oare jierdeibesite hearde ik in ferhaal fan in skoalmaster dy’t krekt mei pensjoen wie. Hy hie fjirtich jier wurke yn it leger ûnderwiis yn Amsterdam. Hy hat de feroaring fan fol respekt fan bern nei him ta feroarjen sjoen ta folle minder respekt foar in ûnderwizer. “Jo kinne it hjoed-de-dei samar ferbruie as jo in bern in bytsje hurder oanpakke”, fertelde er. “Bern wurde as prinsen en prinseskes sjoen troch harren âlden!” Sa hie er bygelyks oan de ein fan syn karriêre in hiel ferfelend jonkje fan tolve jier yn ’e klasse. Dat jonkje koe him soms it bloed ûnder de neilen weihelje. “Op in stuit hie ik der skjin genôch fan. De oare bern hiene der ek lêst fan. It  sil wol ADHD west hawwe!”, sei er. Hy joech it jonkje mei de flakke hân in flinke tik tsjin it wang. It jonkje raasde ôfgryslike lûd: “Ik ga naar huis en ik ga het vertellen aan pa! Hier hoor je meer van!” It jonkje brûsde nei hûs.

It duorre in healoere doe’t heit mei syn soantsje by him ‘netsjes’ oan de doar kloppe. Dat wie ophimsels al bysûnder, mar efternei besjoen logysk. It wie in grauwe grutte sterke stoere keardel mei oeral tatoeaazjes. “Ik woe wol ûnder myn buro krûpe”, sei de âld-skoalmaster. Sa bang wie er! De grutte sterke stoere heit frege: “Wat is hier gebeurd, waarom gaf u mijn zoon een klap op de wang?” Hy fertelde as master wat der te rêden wie en dat er der perfoarst wat oan dwaan moast, want de oare bern yn ’e klasse hiene ek lêst fan jo soantsje. “Oh, zit dat zo!”, sei de heit. “Meneer, ik kan u vertellen dat hij er thuis nog tien tikken van mij bij heeft gekregen!” In tik wol wolris helpe.

juny 16, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Frâns juny 19, 21:39

    Ik haw fan in stikmannich wat âldere minsken in reaksje krige dat der sa’n 60 of 70 jier lyn ek wolris in heit op skoalle kaam om master de les te lêzen of in pak op `e bealch te jaan. Ek in reaksje dat de nije Frânske Premier Macron in jonkje út de rige oan de kant fan de wei de lês lies, want hy pikte it net dat dit jonkje ‘Hé Emmanuel’ rôp. “Meitsje earst dyn skoalle ôf en besykje dan dyn eigen jild te fertsjinjen, dan prate we dan wer!” (Sokssawat).

  2. de fryske finansieel terrorist juny 20, 10:25

    Sorry maar ik heb geen fries gehad op school, en via omrop Frylân mag ik blijkbaar geen ondertiteling lese,..

    Maar iedereen heeft toch gehoord dat de minister zei, dat je moet dweilen? De kraan mag niet dicht,…Nee,.. er moet gedweilt worden.

    De school als opvoedings instituut, om te laten zien dat je als ouder(s) dat niet meer hoeft

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.