Fossylfrije dagen by Omrop Fryslân

juny 30, 2018 15:38

De kommende twa wiken is hiel Fryslân fossylfrij. Dat is it doel fan de inisjatyfnimmers, Fossylfrij Fryslân en de Elfwegetocht. Dogge de Friezen massaal mei? Omrop Fryslân folget de ûntwikkelingen yn de ‘Fossylfrije dagen’. Mei reportaazjes oer fossylfrije inisjativen, ferslachjouwers op ‘en paad mei fossylfrije reizgers en in sjipkisterace mei skoalbern. De meiwurkers fan Omrop Fryslân dogge sels ek mei oan de Fossylfrije dagen.

Yn it radioprogramma Fryslân fan ‘e moarn folget ferslachjouwer Bauke Deelstra minsken dy’t op duorsume wize nei harren wurk ta reizgje. Bygelyks mei echte hynstekrêft of in elektryske step of boat. Hy makket ek in flog dy’t jûns te sjen is yn Fryslân Hjoed. Yn it radioprogramma Weistra op wei dogge de ferslachjouwers middeis ferslach fan enerzjy-inisjativen lykas it gebrûk fan blauwe disel en in snackbar dy’t folslein fossylfrij wurde wol.

Tsjek myn sjipkist
Yn it skoaltelefyzjeprogramma ‘Tsjek myn sjipkist’ dogge trije skoallen út Fryslân mei trije bern mei oan in sjipkisterace. De spesjale útstjoeringen fan Tsjek oer dat ûnderwerp komme net út in skoalle wei, mar út in garaazje. Yn de searje bouwe de bern harren eigen sjippekiste mei elektryske motor. Tsjek myn sjipkist is te finen op Skoal.tv. De grutte finale is op 4 july yn de Afvestêdehal yn Ljouwert. Dy wurdt op snein 10 july om 17.30 oere útstjoerd op Omrop Fryslân en is ek online te folgjen.

Fossylfrije Omroppers
De meiwurkers fan Omrop Fryslân dogge sels ek mei oan de Fossylfrije dagen. Se kinne dêrfoar ûnder oare gebrûk meitsje fan elektryske fytsen en in elektryske scooter.

De Fossylfrije dagen by Omrop Fryslân begjinne op 2 july.

juny 30, 2018 15:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*