Finalisten markantste hoarekaûndernimmer Fryslân bekend

juny 13, 2018 09:06

Trije hoarekaûndernimmers binne nominearre foar de finale fan de regionale ferkiezing Meast markante hoarekaûndernimmer Fryslân 2018/2019. Dat binne: Siep de Vries fan Hotel Restaurant De Stripe yn Wynjewâld, Ido Pranger en Sander Wijnstra fan De Arisante yn Dokkum en Erik Houter fan Gestrand yn East-Flylân. Op 15 oktober 2018 wurdt by it Markant Gala by Lauswolt bekendmakke wa’t him de kommende tiid de Meast markante hoarekaûndernimmer fan Fryslân neame mei.

De ôfrûne wiken krigen alve hoarekaûndernimmers besite. De beoardielingskommisje – dy’t bestiet út Cor de Jong, Maaike Veldhuis, Piter Wilkens, René Kempen en Thom de Boer – hawwe de dielnimmers beoardiele op ûnder oare orizjinaliteit en fernijing. Op basis dêrfan keazen se de trije finalisten dy’t op 15 oktober 2018 yn de regionale finale stean.

Sjuery en finale
Yn septimber sille de finalisten besite krije fan de sjuery, dy’t bestiet út fjouwer leden: Maarten Wessels, Geert Bosman (winner fan de Meast markante Ferkiezing Fryslân 2016), Zander Lamme en Tom Valk. Op basis fan dy besites en in publike stimming wurdt 15 oktober by it Markant Gala by it bûten Lauswolt de winner bekendmakke.

Taljochting Markantste hoarekaûndernimmer
Keninklike Hoareka Nederlân (KHN) organisearret eltse twa jier de ferkiezing fan de Meast markante hoarekaûndernimmer. De priis wurdt takend oan ynnovative hoarekaûndernimmers dy’t oare ûndernimmers ynspirearje. Undernimmers dy’t witte wat der spilet, ynspylje op nije konsuminteûntwikkelingen en súksesfol binne. Op dy wize stimulearret KHN ynnovaasje ûnder hoarekaûndernimmers. De Meast markante-ferkiezing begjint by regionale ferkiezings yn fjirtjin regio’s. Ut de fjirtjin winners wurdt yn ’e hjerst fan 2019, by in lanlik evenemint, de Meast markante Hoarekaûndernimmer fan Nederlân keazen.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.meestmarkant.nl.

juny 13, 2018 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*