Escher yn it nôt

juny 15, 2018 15:55

Fan 20 juny ôf komme grutskalige keunstwurken ynspirearre op it wurk fan M.C. Escher yn nôtlân op it Bildt. It platswâde nôt foarmet figueren dy’t in oade bringe oan de wrâldferneamde grafikus. Inisjatyfnimmer Henk Rusman arbeidet op mei seis oare keunstners, dy’t allegearre in hektare nôtfjild ta harren beskikking hawwe. Yn totaal wurde der acht keunstwurken makke. It projekt is part fan Sense of Place en falt gear mei de Biltske Jirpelwiken en it partisipaasjeprojekt Planeet Escher, dêr’t it Frysk Museum allerhande op Escher-ynspirearre projekten mei sammelet.

Foar inisjatyfnimmer Henk Rusman is it lânskipsprojekt ‘Ode aan M.C. Escher in het graan’ in dream dy’t útkomt. De byldzjend keunstner wennet al jierren op it Bilt en makket dêr syn monumintale bylden fan stiel en stien. Ynspirearre troch it nôt makke er ferline jier al in proefkeunstwurk yn gearwurking mei keunstner Marco Goldenbeld. Foar 2018 hat Rusman it grutter oanpakt en mear kollegakeunstners, ûnder oaren fan it Bilt, frege om Escheriaanske ûntwerpen te leverjen foar de nôtkeunst. Fan 6 oant 20 juny binne de keunstners mei in groep frijwilligers dwaande mei it meitsjen fan de nôtkeunst. Op 20 juny wurdt it lêste nôt platswâde en binne alle keunstwurken te besjen.

Reuzerêd
De keunstwurken sille noch oant en mei 15 augustus te sjen wêze. In oantal fan de nôtlannen binne fan de Alde Biltdyk ôf goed te sjen. Wa’t it wurk fan grutte hichte ôf besjen wol kin fan 29 juny oant en mei 8 july terjochte yn in reuzerêd, dat in prachtich útsicht oer de nôtkeunst en de omkriten jout. Der is ek in live-feed op de webside fan Omrop Fryslân op it reuzerêd dy’t de muoite fan it besjen wurdich is.

Gearwurkingen
Mei de keunstwurken yn it nôt wol Henk Rusman it Bilt “as bysûnder wen- en lânbougebiet sintraal stelle en in oade bringe oan it artistike wurk fan M.C.Escher”, seit er. Ferskillende lâneigeners hawwe harren nôtlân beskikber steld foar de keunstwurken en lokale ûndernimmers fan it Bilt hawwe inoar fûn om it reuzerêd mooglik te meitsjen. It projekt is in programmaûnderdiel fan Sense of Place, dat kulturele lânskipsprojekten yn it waadgebiet organisearret. It projekt slút ek oan by Planeet Escher, in projekt fan it Frysk Museum. Mei it partisipaasjeprojekt wol it museum minsken noch mear útdaagje harren ynspirearje te litten troch it wurk fan M.C. Escher en sels kreatyf oan ’e slach te gean. De perioade dat it nôtwurk te besjen is falt gear mei de Biltske jirpelwiken, wêryn’t mei keunst, poëzy en oare aktiviteiten it Bilt yn it sintsje set wurdt.

Der binne keunstwurken te sjen fan: Henk Rusman, Bowe Roodbergen, Marco Goldenbeld, Ria Groenhof, Hans Kuiper, Rinus Roelofs en Roland de Jong Orlando.

juny 15, 2018 15:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.