Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (20)

juny 16, 2018 08:19

Hâld fan dyn fijân

Dat is gjin kwesje fan: each om each, tosk om tosk. It is net oan dy en nim wraak en betelje kwea mei gelikense munt werom. Doch dysels dat geweld net oan.

Slacht ien dy op it wang, kear him dan it oare ta. Lyts geweld ropt grut geweld op. Wat grutter it geweld, wat dreger it is om net te haatsjen, ast dysels ferdigenest.

Lit dysels net yn rjochtssaken meislepe. Betelje leaver wat te folle as datst haat opropst by oaren of by dysels.

Nee, dat is gjin kwestje fan: haw dyn freon leaf en haatsje dyn fijân. In ferkeard minske hâldt ek fan wa’t him leafhat en hatet wa’t him hatet. In jildwolf wurdearret wa’t betellet en hatet wa’t net betellet.

Nee: hâld fan dyn fijannen. Winskje har it Goede ta, dat se goede minsken wurde meie en tichter by God komme. Doch goed sûnder op wat werom te rekkenjen. Watst ek dochst, bewarje de frede yn it hert. Wês barmhertich en genedich sa’t ús Heit yn ’e himel genedich is. Ik winskje dy frede ta.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
juny 16, 2018 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.