Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (19)

juny 9, 2018 05:41

Wa’t de seine krije

Fra Angelico, De lokkichprizingen

Bist seinige ast dyn eigen earmoed sjochst, foar dy is it keninkryk fan God.
Bist seinige ast hongerest en toarstgest, oan dy sil jûn wurde.
Seinige is wa’t om My hate, útpiuwd en útsletten wurdt, dûnsje fan blidens, der wachtet dy in rike beleanning.
Seinige is dejinge op wa’t delsjoen wurdt, do silst wurdearring fine.
Seinige is wa’t myld en sêftmoedich is, silst myldens en sêftmoedigens fine.
Seinige is wa’t suver fan hert is, silst God yn dyn hert fielle.
Mar o wee ast dy op dyn rykdom blynstoarrest, dyn blinens sit dy yn ’e wei.
O wee wa’t foldien is,  do silst hongerje en toarstgje.
O wee wa’t hunet en spot, it laitsjen sil dy fergean en do silst leare te rouwen.
O wee wa’t priizge wurdt, do silst ferhune wurde.
O wee wa’t hurdhertich is, do silst hurdhertich behannele wurde.
O wee wa’t ûnsuver fan hert is, dyn dwaasheden komme foar it ljocht.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
juny 9, 2018 05:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.