Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (18)

juny 2, 2018 08:34

Haadstik 3 Doktersresepten op in berch

Jerash (Bertold Werner, 7 novimber 2009)

De sikers binne Joaden en Griken

As it noch hielendal tsjuster is, kom ik yn alle stilte oerein en sykje in stil plakje om dêr te bidden en my te besinnen. In pear oeren letter wurde Petrus en de oaren wekker, komme nei my ta en sizze: “Elkenien siket Jo.”

Ik sis:
“Lit ús op reis gean troch Galileä hinne. Dan jouwe wy ek op oare plakken de minsken fertrouwen, meitsje har lijen lichter en bringe har tichter by God. Want mei dat doel bin ik mei jim op reis gien. Oer in wike sille wy nei it grutte fjild ta op ’e berch efkes bûten de stêd. Dêr sil ik in taspraak hâlde.

De oare wike kom ik mei myn selskip op it fjild op ’e berch. Der steane grutte klibers folk op my te wachtsjen út Joadske en Grykske streken. Der binne lju út Judeä, Jeruzalem en Galileä. Der binne minsken út Tyrus, Sidon en de Tsien Stêden, de Dekapolis. Der binne minsken út Syrië en Oarekant de Jordaan. Se binne kommen om my te beharkjen en har sûnden en sykten kwyt te reitsjen. Dêrby wurd ik net allinnich holpen troch myn fjouwer freonen mar ek troch trije froulju dy’t ik better makke hawwe: Suzanna, Maria fan Magdala en Johanna, de frou fan de skatbewarder fan Herodes. Foar har allegearre hâld ik myn taspraak op de berch, de berchrede.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
juny 2, 2018 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.