Oefening skoalsjitterij nei opskuor ferskood

juny 12, 2018 08:51

It Alfa-kolleezje yn Hoogeveen sil woansdei dochs net in saneamde ‘school shooting’ neispylje. De oefening wurdt ferskood om’t der opskuor oer ûntstien is.

Foto: pixabay.com

De skoalle krige in protte lilke reaksjes op de foarnommen oefening. “Alle omtinken yn de media hat ús fernuvere”, seit wurdfierder Marjolein Visser fan de skoalle tsjin RTV Drinte. Troch de protte reaksjes liket it de skoalle better om in nije datum te prippen. “Wy ferwachtsje troch de stoarm dy’t oplôge is ûnfoldwaande fokus op de oefening sels.”

Driigjend troch de gongen
By de oefening soe in ‘fertochte’ driigjend troch de gongen rinne. De studinten moatte ûnderwilens yn harren lokaal bliuwe, harren ferbergje en de doar op it slot dwaan. “De helptsjinsten en wy tinke dat it hiel ferstannich is om yn elts gefal nei te tinken oer hoe’t de learlingen reagearje as soks barre soe”, sei direkteur Jan Berend van der Wijk dêr earder oer.

Alden neamden it in “bespotlik idee” en wienen fan betinken dat de oefening skrast wurde moast. “Der wurdt ûnnedich eangst ûnder skoalbern mei kreëarre”, sei ien fan de âlden. De Stichting School en Veiligheid wie ek kritysk oer de plannen. Neffens it ROC wurdt de oefening letter dit jier dochs noch holden. Wannear’t dat wêze sil kin de skoalle noch net sizze. It is ek noch net dúdlik oft de skoalle de oefening dan opnij oankundigje sil.

juny 12, 2018 08:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. fstastra juny 13, 19:30

    Neffens my witte sy dan wol better hoe sy reagearje moatte yn in soartgelykese situaasje

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.