Debatjûn skiednis en keunst yn it Frysk Museum

juny 12, 2018 19:43

foto: Ruben van Vliet

Tongersdeitejûn 14 juny debattearje trije Fryske keunstners yn it Frysk Museum oer de ferbining tusken skiednis en keunst. Under lieding fan keunsthistoarikus David Stroband besprekke B.C. Epker, Pedro Bakker en Alle Jong de rol fan skiednis yn harren wurk.
De wurken fan dy keunstners geane allegearre op in eigen wize in relaasje oan mei de moderne mienskip en slane in brêge nei it ferline. De jûn begjint om 20.00 oere en is kostet neat.

Byldend keunstner B.C. Epker naam it inisjatyf foar dizze jûn om in poadium te bieden foar mear ferdjipping fan de hjoeddeiske Fryske keunst. Earst ljochtsje Epker, Jong en Bakker ta hoe’t sy yn harren eigen wurk in ferbining lizze tusken keunst en skiednis. Dêrnei jouwe se oan ’e hân fan it tema in ferdjipping op de eigenheid fan de Fryske keunst. De debatjûn is in petear dêr’t besikers aktyf oan meidwaan kinne. Petearlieder is keunsthistoarikus David Stroband.

De jûn wurdt holden yn it altelier fan it Frysk Museum. Wa’t derhinne wol wurdt frege om har/him foarôf oan te melden op https://www.friesmuseum.nl.

juny 12, 2018 19:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.