De betinking op it Reaklif as Mienskipsdei

juny 15, 2018 15:19

Foto: Omrop Fryslân,, Bauke Deelstra

Doarpsbelangen yn Fryslân wurde útnûge foar it bywenjen fan in Mienskipsdei op it Klif.

De Stifting Slach by Warns organisearret op 29 septimber om 13.45 oere de jierlikse betinking op it Klif as Mienskipsdei. Ien en oar yn it ramt fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. De doarpsbelangen yn Fryslân wurde útnûge in tastjoerde ferklearring oer de wearde fan mienskip te ûnderskriuwen en mei in delegaasje nei it Klif te kommen. De ferklearringen sille dêr Deputearre Steaten fan Fryslân oanbean wurde.
De Stifting is fan betinken dat yn ús feroarjende en hieltyd mear yndividualisearjende wrâld de wearde fan de (Fryske) mienskip ûnder druk stiet en dat it dêrom wichtich is op dy manifestaasje omtinken te hawwen foar ienheid yn ferskaat. Ferskillen yn taal en kultuer kinne foar de mienskip in ferriking wêze as der mei respekt foarinoar omgien wurdt.

It biedwurd fan de betinking is: Sûnder mienskip gjin takomst!
De manifestaasje as Mienskipsdei wurdt mei mooglik makke troch stipe fan it Lân fan Taal en it Prins Bernhard Cultuurfonds.

juny 15, 2018 15:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jelle juny 19, 16:57

    “ienheid yn ferskaat”: In typysk liberaal biedwurd. Spitigernôch gean liberalen-en-dy net respektfol mei it Frysk om.

  2. Wisse Wabbes Wzn juny 19, 17:10

    Vanzelfs zal Plaatselijk Belang geen verklarings onderschrijven, omt onze meenschap er nevvens de Hoofdplaats tog niet toe doet en wy zullen dus ook niet naar het Klif komen, maar onze eigen meenschapsdag wel houden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.