Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 14

juny 1, 2018 17:47

Kollum

De jeugd hat de takomst! De Reuzedei liet it sjen

It wie 2004 doe’t Wubbo Ockels besleat om te helpen by it opsetten fan in sinneboatrace yn Fryslân. Doe noch: de Frisian Solarchallenge. Der wie yn dy tiid mar in bytsje support foar de race. It provinsjebestjoer karde in plan foar in race sels twa kear ôf! Sa’n race met boatsjes…? Wa sit dêr no op te wachtsjen, wie it idee. Oant Ockels der efter stie! Ynienen moast it wol in goed idee wêze.

Yn 2006 giene de earste boatsjes mei allinne sinnepanielen fan start foarde Fryske 240 km. Yn trochsneed stadiger as tsien kilometer de oere. TU-Delft wûn de race mei in tige fraaie boat en sette de toan. De oare santjin dielnimmers seagen har de eagen út ’e holle, mar hiene sels ek lang boud, dat se diene wat moast: de finish helje. De race hat fan it begjin ôf al it doel hân om jongelju yn oanrekking te bringen mei technyk en sinne-enerzjy.

Wy binne no tolve jier fierder… en it is allegear tige goed slagge. De boaten geane no folle hurde as 20 kilometer yn ’e oere. De fluchsten sels mear as fyftich! Fryslân hat no fierwei de measte elektryske boaten, pontsjes en bûtenboardmotoaren fan Nederlân. In rjochtstreeks gefolch fan dy race. Tsientallen eks-boatracers hawwe no in baan yn de sinneyndustry of bouwe oan technyk foar elektrysk farren of riden.

In protte skoallen dogge mei oan de sinneboatrace mei hûnderten learlingen. Oant 2012 wiene it benammen hbo’s en universiteiten, mar sûnt 2014 is der ek de Young Solar, foar skoallen foar mbo en fuortset ûnderwiis.
Yn it ramt fan de Reuzedei yn Akkrum op 12 maaie 2018 wie der wer it NK-Sinneboatrace. Noch nea earder wiene der safolle dielnimmers. Selsboude boaten troch teams fan tsien of mear studinten, mei dit jier in nije haadsponsor, Solartoday. It jout oan dat de race oanslacht by it bedriuwslibben en by de skoaljeugd.

De Reuzedei hie njonken de sinneboatrace de duorsume merk, het wettersportspektakel en as start de sprekker yn tsjerke, dit jier Jan Terlouw. In soad minsken koene der net mear yn, it wie fol. Jan Terlouw, de man mei de ivige jeugd, liket it wol. Belutsenheid, entûsjasme en omgean mei de jongerein, dat hâldt jin jong!

Sinneboatrace yn Akkrum. Foto © Harry Haitsma

juny 1, 2018 17:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.