BOLStjurrich springt de wrâld fan de ferbylding yn
Resint ferskynd
Stichting Strjitfestival BOLStjurrich organisearret sneon 30 juny by gelegenheid fan de Heamieldagen yn Boalsert it Strjitfestival BOLStjurrich. It festival bestiet út teater en muzyk. It is de 24e edysje fan it BOLStjurrich strjitfestival mei grappige, keunstsinnige, muzikale, teatrale, akrobatyske, sinistere en clowneske artysten.
Mei goed tritich ferskillende foarstellingen sil it strjitfestival syn publyk yn ’e ferbylding reizgje litte tusken it jier 1455 en de takomst. Elkenien kin werom yn ‘e tiid om te ûnderfinen hoe’t it yn de midsiuwen wie, mar ek yn ‘e kunde komme mei wûnderlike wêzens dy’t jin tinke litte oan sciencefiction films. Op de pleinen en yn de strjitten fan Boalsert sil muzyk te hearren wêze dy’t jin nei in oare wrâld meinimt.
In pear foarbylden
– De Europeeske topact Noah The Drunken MastEr is in show dêr’t Noah bjusterbaarlik akrobatyske toeren yn úthellet op syn seis meter hege lantearne.
– Yn de Despoot liket in libbensgrutte mechanyske spin ta libben te kommen.
– De muzikale act Downbeat Maestros bringt it pyblyk yn hegere sfearen mei Doghouse Bass en Telecaster ’52.
– De Downbeat Maestros slút om 17.00 oere op it Marktplein it strjitfestival ôf.
Op www.bolstjurrich.nl/programma is it folsleine programma te finen.
“Kleintje BOLStjurrich” yn Boalsert.
Strjitfestival BOLStjurrich organisearret de moarns in teatertoer foar de bewenners fan de soarch- en ferpleechhuzen yn Boalsert. Op de trije lokaasjes: Bloemkamp, Huylckenstein en It Menniste Skil wurdt in kompleet programma foar de bewenners brocht. BOLStjurrich hopet sa de bewenners dy’t sels net yn de gelegenheid binne om nei it strjitfestival te gean, dochs genietsje te litten fan dat bysûnder barren.
Kleintje BOLStjurrich wurdt realisearre mei troch stipe fan August Fentener van Vlissingenfûns, Bolsward Dronrijp, Stichting Siebolt Foundation, Stichting Emmaplein foundation, Rotary Bolsward, Lions, Pizzeria Ponte Vecchio.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje