Boete foar ‘djoerste winkel fan de P.C.’ om yllegaal lear

juny 9, 2018 08:26

Klean, skuon en assessoires fan yllegaal krokodille-, pyton- en anakondalear komme lúksewinkel Karmaloog op in flinke boete te stean. De saak yn de Amsterdamske P.C. Hooftstrjitte is feroardiele ta 25.000 euro boete, wêrfan 10.000 euro ûnder betingst.

Foto: Wikipedia

It is bysûnder dat in kleanwinkel beboete wurdt, seit in wurdfierder fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). Meastal treedt de waakhûn op by antikêrs, dy’t opsette bedrige bisten ferkeapje dy’t net ‘antyk’ genôch binne.

Karmaloog betsjinnet it lúksesegmint. De winkel ferkeapet jassen fan in ton. Skuon kostje soms 40.000 euro it pear. “Foar in jas hawwe je dochs sa’n sân krokodillen nedich”, seit ien fan de twa eigners krekt foar iepening tsjin Het Parool. De eigners hawwe nei eigen sizzen in rike klantekring oer de hiele wrâld. “Jetset, sjeiks en oaren dy’t swimme yn it jild.” Harren winkel soe de djoerste fan de ‘P.C.’ wurde, sizze de twa.

Siameeske krokodil
De winkel kaam yn it fizier fan de NVWA, doe’t de dûane yn 2016 in pakket mei lear fan de Siameeske krokodil ûnderskepte. De partij kaam út Tailân en hie net de juste ynfierfergunning, in saneamde CITES-fergunning. Lear fan bedrige slangen en krokodillen mei inkeld ferkocht wurde as it yn de EU kweke is of oer sa’n CITES-fergunning beskikt.

By trije kontrôles hat de NVWA ferline jier mear as hûndert pear skuon, broeken, jassen en riemen, tassen en kaaihingers yn beslach naam, makke fan eksoatysk krokodille- en slangelear fan in betinklik kômof. It Iepenbier Ministearje hat doe in boete oplein.

Karmaloog tekene beswier oan, mar dat hold gjin stân by de rjochter. De winkel beskikt net oer de juste papieren foar it guod, oardielet de rjochter yn in fonnis dat sneon publisearre is. De eigners hâlde fol dat de hûden legaal ferkrigen binne en dat de oertrêding gjin opsetsin wie.

juny 9, 2018 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.