Boek oer de takomst

juny 8, 2018 18:25

Boekbesprek

Roel Beenen, Een toekomstverkenning

De takomst kinne wy net foarsizze, seit de skriuwer. Mar wy kinne wolris de mûglike ûntjouwingen besjen en dêr besluten op basearje. Dat is wêr’t dit boek oer giet.
Alderearst de auto’s, dy’t er ferfongen sjocht troch stille elektryske helikopters mei automatyske bestjoering. Dan kinne wy ek op it plattelân wenjen bliuwe, aanst yn goedkeape keunststofhuzen. Wy steane dan wer tichter by de natoer en dat yn net al te grutte mienskippen, dêr’t de minske fan oanlis it bêste yn past.
It wurk sil hieltyd mear dien wurde troch robots, wêrtroch’t der minder wurkgelegenheid komt. Dan komme minsken yn earmoed en steane wy wer yn in sitewaasje as b.g. foar de lêste wrâldoarloch. De oplossing is it ynstellen fan in basisynkommen foar elk, lykas no al de AOW foar de âlderein.

Dan komt Beenen op it ûnderwiis. Sels hat er dêryn wurke yn de tiid fan de klassikale oanpak. No is der folle mear de yndividuele oanpak fan elke learling apart, wêrtroch’t de ûnderwizer gjin tiid hat foar de oaren, wat ek in grutte belesting betsjut. Beenen wol hjir oan op in yndividuele oanpak mei kompjûterprogramma’s.
Fierders komme oan ‘e oarder de tanimmende ynfloed fan froulju yn ‘e maatskippij, seksuele opfieding en selsbeskikking. Dat lêste hat te krijen mei godstsjinst, ynboargering, eutanasy.
Dan giet it der noch oer dat gelok net te keap is. En dat wy wol nea witte sille oft der noch oare beskavings yn it hielal binne. Ta beslút by oer wat wy leauwe moatte, komt er op ‘e rindierjagers dy’t 12.600 jier lyn by syn berteplak Holtwoolde kampeard hawwe en dêr’t er as jonkje noch boarte hawwe moat mei dy harren fjoerstiennen ark.
Men hoecht it net mei alles iens te wêzen om dochs ta it ynsjoch te kommen dat it de muoite wurdich is om deroer nei te tinken!

Pyt
———
Utjouwer Elikser, 151 siden, priis €19,50
juny 8, 2018 18:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.