Bearen yn Roemenië deadzje alles dat op har wei komt

juny 10, 2018 09:46

It tal bearen yn Roemenië is de ôfrûne jierren flink tanaam. Allinnich al yn it jier 2016 is it oantal oprûn fan 6050 nei 6640. Hieltyd mear minsken yn Roemenië wurde troch de bisten oanfallen.

Foto: pixabay.com

Bearen binne yn Roemenië beskerme bistesoarten en dêrmei mei der net op jage wurde, útsein wannear’t in bear in minske oanfalt. Ferline jier binne twa kear safolle minsken oanfallen as yn 2016. In protte Roemenen fine it tige grizelich en fiele har sels yn har eigen hûs net feilich.

Minister Gavrilescu fan it Roemenske ministearje fan Miljeu fynt de feiligens fan de minsken like wichtich as it beskermjen fan de bisten. Dêrom is it Roemeenske ministearje fan Miljeu dwaande mei it opsetten fan in aksjeplan foar it behâld fan de bisten. Op it stuit wurdt wurke mei in maksimumtal fan fjouwertûzen bearen yn it lân, wat in fermindering fan twatûzen bearen betsjutte soe.

Gavrilescu neamt it in needkwestje en ropt oare miljeuministers út de EU-lannen op om bearen út Roemenië te húsfêstjen. Neffens de minister moat der mear bewustwurding oer de situaasje komme op Europeesk nivo.

juny 10, 2018 09:46
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Luvius juny 10, 17:19

    Bearen yn Roemenië deadzje alles dat op har PAAD komt.
    Soe dat net better Frysk wêze?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.