Bas Haan wint Brussepriis foar bêste sjoernalistike boek

juny 10, 2018 10:11

De priis foar it bêste Nederlânsktalige sjoernalistike boek fan it jier is dit jier wûn troch Nieuwsuur-sjoernalist Bas Haan, foar syn boek De rekening voor Rutte; De Teevendeal, het bonnetje en de politieke prijs voor leugens. Dat hat de sjuery bekendmakke yn it radioprogramma NOS Met het oog op morgen. Oan de priis is in bedrach fan tsientûzen euro ferbûn.

Ofbylding: Utjouwerij Prometheus

De sjuery neamt it boek feralterearjend, ûntbleatsjend en in foarbyld fan goed sjoernalistyk wurk. Haan wist ûnder oare it krekte bedrach te efterheljen dat it Iepenbier Ministearje ûnder ferantwurdlikheid fan de eardere offisier fan Justysje Teeven betelle oan drugskrimineel Cees H. As gefolch fan syn iepenbieringen giene minister Opstelten en steatssekretaris Teeven ôf, nei’t se mear as ien kear neilitten hiene om de Keamer just te ynformearjen. Keamerfoarsitter Van Miltenburg rekke sa betize yn de affêre dat se ek opstappe moast.

Yn totaal wiene der 166 ynstjoerings foar de priis. Fiif boeken berikten úteinlik de shortlist. Oare nominearre auteurs wiene Johan van de Beek en Claire van Dyck mei De sultan en de lokroep van de jihad, Peter Brusse mei Onder de mensen, M.J. Brusse (1873-1941) journalist, in biografy fan syn heit, nei wa’t de priis ferneamd is, de biografy In geouwehoer kun je niet wonen; Het leven van Jan Schaefer fan Louis Hoeks en Niels Posthumus mei Liefdes Verdriet. Verliefdheid, relaties en seks in het Zuid-Afrika van na de apartheid.

De sjuery bestie út NRC-kollumnist Jutta Chorus, freelance sjoernalist Yasmina Aboutaleb en Haans Nieuwsuur-kollega Eelco Bosch van Rosenthal. Ferline jier wûn Frank Westerman mei syn boek Een woord, een woord, dêr’t er yn ûndersocht hoe’t it terrorisme yn syn ferskillende ferskiningsfoarmen bestriden wurde kin.

juny 10, 2018 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.