Arts in Cinema presintearret ‘Van Gogh: Of Wheat Fields and Clouded Skies’

juny 13, 2018 09:24

Fan 12 july ôf yn de Nederlânske filmteaters

Under de neamer Arts in Cinema bringt ABC Film Distribution oant en mei septimber in fiiftal bysûndere keunstfilms nei de Nederlânske bioskopen. Op 12 july is Van Gogh: Of Wheat Fields and Clouded Skies oan bar, in film fan de begjinnende Italiaanske regisseur Giovanni Piscaglia.

Ofbylding: Arts in Cinema

De dokumintêre jout in nij en yndrukwekkend byld fan Vincent van Gogh troch de eagen fan Helene Kröller-Müller (1869-1939), de grutste priveesamler fan syn wurk, dy’t sa’n trijehûndert skilderijen en tekeningen fan Van Gogh oanskafte. Op snein 8 july giet Van Gogh: Of Wheat Fields and Clouded Skies yn oanwêzigens fan regisseur Piscaglia feestlik yn premjêre yn it Kröller-Müller Museum.

Van Gogh: Of Wheat Fields and Clouded Skies
De films fertelt it ferhaal fan Helene Kröller-Müller, dy’t yn Van Goghs geastlike kwellings har eigen wrakseling weromkoe. De brieffoarm dêr’t beide harren gefoelens uteren, rint as reade tried troch de hiele film hinne. As sjogger wurde men net allinnich meinaam nei de arsjitekturale skjintme fan it Kröller-Müller Museum op de Feluwe, mar fiert de sjogger ek nei de fisuele pearels út de Milaneeske en Florentynske Renessânse.

Oan it wurd komme aktrise Valeria Bruni Tedeschi, Van Gogh eksperts Leo Jansen, Sjaar van Heugten, Eva Rovers (biograaf Helene Kröller-Müller) en museumdirekteur Lisette Peters. Opnamen binne makke yn Park De Hege Feluwe en it Kröller-Müller Museum, mar ek op plakken dy’t Helene Kröller-Müller ynspirearren, lykas Milaan en Florence.

Arts in Cinema
Nei Caravaggio – the Soul and the Blood (op it stuit yn filmteaters te sjen) en Hitler versus Picasso And the Others (fan 14 juny ôf yn de filmteaters te sjen) is Van Gogh: Of Wheat Fields and Clouded Skies de tredde film yn de Arts of Cinema-rige en fan 12 july ôf yn de filmteaters te sjen. Op 16 augustus wurdt Raphael ferwachte, folge troch Botticelli Inferno op 13 septimber.

Mear ynformaasje is te finen op www.artsincinema.nl.

juny 13, 2018 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.