Amearika út miskerjochterie Feriene Naasjes wei

juny 19, 2018 23:58

De Feriene Steaten sizze harren lidmaatskip fan de Rie foar miskerjochten fan de Feriene Naasjes op. Dat hat de Amerikaanske ambassadeur by de FN tiisdei buorkundich makke. Neffens de Amerikaanske presidint Trump hat de Rie it tefolle op Israël begrepen. Dy soe in “groanysk foaroardiel” oangeande dat lân koesterje.

Dat Amearika lid ôf wurdt, betsjut neffens it regear-Trump net dat it lân minskerjochten ynienen net mear wichtich fynt.

Juster krige Trump noch gâns kommentaar fan de minskerjochterie, om’t er fan húshâldings dy’t yllegaal it lân yn komme de bern fan de âlden skiede lit. Trump hat al in jier lang krityk op de rie.

Fan 2006 oant 2009 boykotten de Feriene Steaten de minskerjochterie. Dat wie ûnder it bewâld fan George Bush. Syn opfolger Barack Obama liet syn lân him by de rie oanslute.

juny 19, 2018 23:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.