Aant Mulder: Pier Lupckes ferrieder fan Sleat

juny 11, 2018 16:00

Kollum

Dat Pier Lupckes de ferrieder fan de stêd Sleat wie, dat wist ik net. Ik wenje al in moai skoftke yn de Súdwesthoeke en ik ha aardich wat belangstelling foar de Fryske taal en kultuer, mar dochs! Dy histoaryske relaasje tusken Pier Lupckes fan Tsjerkgaast en Sleat wie my ûntkommen of ik ha der te min acht op slein. Dat kin fansels ek. Sûnt sneon 2 juny wit ik better. Doe holden se yn Sleat in histoarysk sjochspul oer dat bierskip fan Pier Lupckes dat de Sleattemers doedestiden hast ferrifele. Dêr ha we hinne west.

De namme Pier Lupckes kaam my wol bekend foar. We sjogge ommers alle jierren yn maaie de buorden mei de tekst Pier Lupckesloop wol by Tsjerkgaast stean. It is in kuier- en hurdrintocht, dy’t yn alle gefallen al sûnt 2005 holden wurdt. Ik ha begrepen dat dy ‘loop’ ín soarte fan rehabiltiaasje foar Pier Lupckes betsjutte moat. It krekte wit ik dêr lykwols net fan. It ferhaal wol dat Pier Lupckes betocht hoe’t Sleat wer troch de Spanjerts ynnommen wurde koe. Hy regele in pear skippers dy’t Spaanske soldaten oer de Sleattemer Mar yn Sleat krije moasten. Dat soene se mei de skippen folladen mei biertonnen dwaan. Efter dy biertonnen koene de soldaten dan moai beskûl sitte. Tagelyk besocht de man wachters yn de stêd Sleat om te keapjen. Yn de nacht fan de tolfde maaie 1588 gie it oan. It waar wie min en it plan waard ferret. De hiele boel mislearre mei deastraffen foar ien fan de skippers en Pier Lupckes fan gefolgen.

Om sa’n ferhaal wat better te begripen is de histoaryske kontekst fansels fan belang. Yn dy tiid hearde ús lân krekt net mear by Spanje. Filips II regearre as absolút kening oer Spanje en oan 1581 ta oer de Nederlannen (Nederlân en België). Tusken Spanje en de Nederlannen bestiene wrâlden fan ferskil as it gie om taal, leauwe en regear. Filips II woe it allinne foar it sizzen ha en hy woe ek dat alle ynwenners roomsk wiene. Dat late ta de Tachtichjierrige Oarloch (1568-1648). Steedhâlder Willem van Oranje wie foarearst ús grutte foaroanman. Yn 1581 makken de Noardlike Nederlannen Filips II dus dúdlik dat se neat mear mei him te krijen ha woene. Yn 1584 waard Willem van Oranje as lieder fan de opstân yn Delft fermoarde. Yn Hollân, Seelân en wat letter ek yn Utert, Gelderlân en Oerisel kaam doe syn soan Maurits en yn Fryslân syn omkesizzer Willem Loadewyk (Us heit) as steedhâlder oan ’e macht. Tegearre hiene se de lieding oer it leger fan dy gewesten. Dat trelit yn Sleat, dat hearde dus dúdlik by de begjintiid fan dat grutte skeel tusken dy pear Nederlânske gewesten en dat grutte Spanje. Grinslân bleau troch it ferried fan Rennenberg lang in Spaansk bolwurk. Dat de Spanjerts hiene noch altyd aardich wat macht. It wiene drege tiden. Maurits hie hâlden en kearen yn Hollân en Willem Loadewyk hie krekt de slach by Boksum ferlern. It jier 1588 wie it jier fan de Armada. Dêr rûn it net goed mei ôf, mar Spanje hie dus wol gâns om by te setten. It wie sadwaande in heikarwei om de Spanjerts yn dizze kontreien op ôfstân te hâlden. Dat it slagge mei suver in wûnder neamd wurde.

Dat Sleat by de Spanjerts yn byld kaam hoecht jin net te fernuverjen. It stedsje lei mei syn wetterpoarten oan ’e Ie en dus oan it farwetter dat de ferbining foarme tusken Snits en de Sudersee. Tagelyk lei it mei syn lânpoarten ek oan ien fan de belangrykste paden oer lân, dat fan Dútslân nei Starum ta. Sleat wie sadwaande fan strategysk belang. Wa’t Sleat hie, wie de baas oer de omkriten en koe tagelyk tolheffe. Wat soe der bard wêze as it plan fan Pier Lupckes slagge wie? De kâns hie grut west dat de Súdwesthoeke, dat Fryslân, dat hiele Nederlân der no folslein oars útsjoen ha soe. Hawar, it is allegearre goed beteard, sille we mar sizze. It is dêrom in goed ding dat Sleat dat barren yn eare hâldt en om de trije jier dy mislearre oanfal neispilet.

It stedsje is dy middeis mei flaggen, strie en oare attributen yn de tiid werombrocht. Der kin geniete wurde fan rôffûgels, fan ruters, fan soldaten op hynders en fansels fan de neispile ynfal fan it bierskip. Dat lêste, dêr giet it ús eins om. Wy steane dêrom moai op ’e tiid op de Foarstreek oan it Djip, tichteby de Lemsterpoarte.  Dêre, oare kant it Djip op de Hearewâl sil it allegearre barre. It wurdt in moai spektakel. Piter Haringsma, de stedsomropper hâldt ús prachtich op ’e hichte. Wat my oanbelanget hie er it hiele ferhaal dwaan mocht. No hearre we de meidoggers sels ek. Dat wurket it neffens my yn ’e hân dat it gehiel net folslein oertsjûget. Opmerkingen lykas ‘Hebben jullie Pier Lupckes ook gezien’, helje my suver op in Jan Klaasseneftige wize nei dizze tiid werom. Datselde jildt foar de rjochter dy’t seit ‘Dat is mijn uitspraak en daar moet u het mee doen’. Sa is der mear. De teksten oertsjûgje net rjocht. Dan ha ’k noch neat oer de taal sels sein. Spanjerts en Sleattemer Friezen prate allegearre Hollânsk. Ik hear gjin Spaansk, ik hear gjin Frysk. Dat hat doedestiden grif oars west.

Dat se it sa dogge, dat begryp ik wol en krekt dêrom bin ik fan betinken dat it hiele ferhaal mar better folslein troch de stedsomropper ferteld wurde kinnen hie. Tagelyk hiene guon attributen wat echter kinnen. In earnstich barren kin sa suver om gniisd wurde. It wurdt tefolle in komysk toanielstikje. Dat moat net. In histoarysk sjochspul moat net in toanielstikje wurde en alhielendal gjin poppekast.

foto’s Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 9 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

juny 11, 2018 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.