Aant Mulder: Nachtlûden

juny 18, 2018 20:00

Kollum

Nachtlûden hawwe wy net folle lêst fan. Wy wenje yn in stille strjitte. It hâldt op mei fan en ta in auto en inkeldris in túnfeest as it hiel moai waar is. De measte nachtlûden binne dy fan moarns betiid as in grut ferskaat oan fûgeltsjes ús út ’e sliep hellet. Dat wie de lêste wiken lykwols oars. Wy hiene op de lette jûn as we op bêd giene aardich wat argewaasje fan leven dat we skoftenlang net goed teplak bringe koene.

It wie noch helte slimmer. Yn ’e hûs wie ik de iennige dy’t dy lûden hearde, alteast yn it earstoan. Hoe’t ik myn frou der ek op ferge, sy hearde neat bysûnders en dat wylst ik fan betinken wie dat dat leven alle jûnen oanboaze. Hûnen en katten hearre we faker. Dy wiene it perfoarst net. Ik tocht earst wol oan in bist of bisten, mar hokker bist it dan wêze moast, koe ik net betinke. Ik tocht oan miuwen, oan eksters, mar dy binne nachts ornaris stil. Dêr kaam by, dat it allegearre fierstente regelmjittich wie en tagelyk eins ek fierstente lang duorre. Soe it dan in soarte fan meganysk lûd wêze, frege ik my ôf. Ik tocht oan wynfangers, drûchmûnen, skoarstienbuorden en wat fierder mar troch de wyn yn beweech brocht wurde kin. Foar fûgels en bisten fûn ik dat piipjen en kreakjen te regelmjittich, mar foar datsoarte fan meganyske lûden wiene se wer net regelmjittich genôch. Ik ha sels foar it rút stien om nei de boarne fan dat leven te sykjen. Dat falt ôf as it tsjuster is. Op ’t lêst tocht ik dat it wolris oan it eigen gehoar lizze koe. Ik ha der skoften fan wekker lein. Wat sei, ik koe der hielendal net fan sliepe.

It praat yn ’e hûs smyt dus neat op. Dat dêrom begjin ik der bûtendoar mar ris tsjin in buorman oer. Dy hat it sels net heard, mar in pakesizzer dy’t krekt útfanhûs west hie, dy wol. Dat hy wit wat ik bedoel. Fan praat komt praat, wurdt wol sein. Dat is no net oars. Deselde deis noch komt it antwurd werom. It is it krassen fan jonge ûlen dy’t by in buorman wer wat fierderop yn ’e strjitte yn in beam tahâlde. Underwilens wurde de lûden alle dagen trochkringender. Hieltyd mear minsken hearre dat, myn frou en de buorman no ek. Gauris bliuwe no minsken op strjitte stean en sjogge by de beam omheech. Ik ha gjin lêst mear fan dat leven. Jûns harkje ik noch efkes nei de jonge ûlen en fal dan samar, om’t it no grif allegearre bekend is, yn ’e sliep.

Wy witte dat we wolris earder krassende ûlen heard ha. Benammen in fakânsje yn de Morvan, in middelgebergte mei in protte bosken súd fan Paris yn Frankryk is ús wat dat oanbelanget bybleaun. Dêr holden we in pear wiken yn in sjalet op in kastielcamping ta. It wie prachtich waar en jûns sieten we ta de nacht út op de oerkape houten feranda fan dat sjalet. Doe hearden we op skimerjûnen en yn nachten ek in piipjend krassen dat we net teplak bringe koene. En doe hearden we ek fan oaren dat it ûlen mei jongen wiene dy’t yn in mânske beammantel oare kant it gersfjild taholden. Datselde krassen hearre we yn gedachten wer. It binne deselde lûden as dy fan no.

De beammen dêr’t de ûlen tahâlde

Ulen yn ’e strjitte. Hoe moai is dat? Wy begripe dat de beam dêr’t de ûlen no yn sitte earder in ekster syn nêst yn hie. De ûlen ha dat eksternêst gewoan oernommen. Sa dogge ûlen dat. Dan ha se der sels gjin wurk fan. Ulen binne nachtfûgels en wurde ek wol nachtrôffûgels neamd. Deis heart en sjocht men dy bisten net. Dan sliepe se. Dat ha we allegearre faak en folle wol yn bistetunen sjoen. Skimerjûns en nachts hearre en sjogge we se ek net, mar dan binne se wol aktyf. Dat is harren tiid. De eagen en earen binne sa dat se op grutte distânsje by ’t tsjuster de dingen goed sjen en hearre kinne. Sûnder sels lûd te meitsjen witte se dan harren proaien te fangen. Dat binne benammen mûzen en dat is tagelyk fretten foar de jongen, dy’t dêrom biddelje. En dat hearre we dus! Dy biddelroppen fan de jongen.

De buorlju ha it oer ‘ransuilen’. Ik ha it ûngemurkenwei oer hoarnûlen. Dy namme komt fan de omheechrjochte earplommen, wylst de oranjegiele eagen ek in dúdlik skaaimerk binne. Dochs apart, dat we gewoan hoarnûlen yn de strjitte ha. Mar goed, wy witte allegearre wol dat der foar ûlen hieltyd minder gaadlike plakken binne om nêsten te hawwen. Eartiids wiene dat benammen de pleatsen mei de beammantels dêromhinne. Dêr kamen in protte mûzen foar. Ulen wiene dêrom wolkom. Tink mar oan de ûlebuorden. Der binne lykwols hieltyd minder gaadlike boerepleatsen. Tagelyk binne der ek folle minder mûzen en dat betsjut útsoarte ek minder ûlen. De ûlen dy’t der noch binne, komme we no ek faker op oare plakken tsjin. Yn Fryslân briede hjoed-de-dei noch sa’n fiif soarten. Dat binne de hoarnûlen, stienûlen, fjildûlen, wâldûlen en de goudûlen. Dy fiif soarten komme de hoarnûlen it meast fan foar. Der binne lykwols wol hieltyd minder fan en dat jildt foar de oare ûlen ek. Dat it de lêste jierren allegearre wat minder hurd efterútbuorket, hat grif te krijen mei de winters sûnder of mei mar in bytsje froast.

Hawar, as we oaren noch oertsjûgje moatte fan de ûlen, dy’t we yn dy beam net sjogge, mar wol hearre, en dy’t der dus wol binne, dan hoege we mar op de ûleballen te wizen dy’t op it paad ûnder dy beam lizze. Dat is wat oer is fan de mûzen, dêr’t dy jonge ûlen hieltyd biddeljend om roppe.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 16 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

juny 18, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.