Aant Mulder: it Frysk is net fergees

juny 26, 2018 11:26

Kollum

It Frysk is net fergees. It is nuver mar as oer it Frysk praat en skreaun wurdt, giet it eins altyd daliks oer jild. Dat wit ik noch wol út de tiid dat ik belutsen wie by petearen oer gemeentlike beliedsplannen Frysk. Men krige altyd it gefoel dat der eins net te folle oer it brûken fan it Frysk yn stean moast en dat wat der wol yn stie, eins net te folle jild mei muoid wêze mocht. Dy diskusjes oer it brûken fan it Frysk en wat al en net opskreaun wurde moast yn rieds-, koälysje- en kolleezjeprogramma’s ha we grif krekt wer hân. Dêr is likegoed suver neat oer yn it nijs kommen. Ik bin der hast wol wis fan dat der dus net folle oer yn stiet en dat wát deryn stiet, net folle jild mei muoid is.

Ik ha omdoch in skoftke op ynternet sitten te sykjen om ynformaasje oer wat gemeenten oer it brûken fan it Frysk yn dy rieds-, koälysje- en kolleezjeprogramma’s te melden ha. Ik bin nei alle gedachten te hastich. Ik fyn by guon gemeenten wol de riedsprogramma’s, mar koälysje-, en kolleezjeprogramma’s kom ik net tsjin. Of it moatte dy fan 2014-2018 wêze. Wat ik yn de riedsprogramma’s oer it Frysk lês, hâldt net oer. Dat giet net folle fierder as de konstatearring dat de nije Wet brûken Fryske taal foarskriuwt dat der beliedsplannen komme moatte. Hawar, dat jildt al fan 1 jannewaris 2014 ôf. As der wol wat oer it Frysk yn sein wurdt, dan binne dat ornaris lêste opmerkingen yn it dokumint en dan fansels hiel algemiene, lykas: ‘Ynsette op aktiviteiten dy’t stypje en rjochte binne op it oerdragen fan de Nederlânske en Fryske kultuer’. Dêr sil de taal dan wol by hearre.

Deputearre Sietske Poepjes sprekt it FUEN-kongres (minderheden yn Europa) yn Ljouwert ta (20-24 juny). Foto Aant Mulder

Konkreter wurdt it ornaris net. Wat dat oanbelanget sil ik wol wachtsje moatte oant de kolleezjeprogramma’s op de websiden komme te stean. Dêr sille de kranten ek wol op wachtsje moatte. Ik ha ommers allinne noch mar wat algemiene dingen lêzen. Eins hearre we op dit stuit mear fan de Provinsje as fan de gemeenten. De Provinsje wit dat taalbeliedsplannen no ferplichte binne, mar dat dêr tagelyk faak net folle yn komt te stean. De Provinsje wit ek wol dat as it om it jild giet, it ornaris by in sinterske negoasje bliuwt. Ik wit in gemeente dy’t der mar in dûbeltsje de ynwenner foar oer hat. Dat dwaan sil deputearre Sietske Poepjes derta brocht ha en stel jild beskikber. Ik fyn dat net raar. It is de ferantwurdlikens fan it lanlik regear om yn ’e mande mei de provinsjale oerheid de gemeenten te stypjen om de Fryske taal in lykweardich plak yn de Fryske mienskip te jaan, lykweardich oan it Hollânsk. Dat dogge de oerheden mei wetten en regels en dat kin om my ek wol mei finansjele stipe en foar in part wurdt dat ek al dien fansels. Dat is likegoed te min.

Dy finansjele stipe, dêr giet it my no om. Deputearre Poepjes wol 450.000 euro beskikber stelle om de gemeenten better de gelegenheid te jaan om goede beliedsplannen foar de Fryske taal te meitsjen. Ik tink dat troch dat jild fan de Provinsje de kâns grutter wurdt dat de gemeenten mear wurk meitsje fan de taalbeliedsplannen wat de ynhâld oanbelanget en tagelyk ek mear dogge as it giet om de útfiering fan wat yn dy taalbeliedsplannen stiet. It soe my deugd dwaan as Provinsje en gemeenten sa yn ’e mande earnst meitsje fan it útfieren fan de Wet brûken Fryske taal. Ik bin yn alle gefallen in foarstanner fan dat dwaan fan de deputearre.

Likegoed wurdt dat útstel fan de deputearre yn de kranten daliks ûnderút helle. De gemeenten moatte der sels mar mei rêde en oars moatte de gemeenten De Haach der mar op oansprekke, lês ik yn in LC-kommentaar. Ik bin der fan oertsjûge dat as De Haach de ponge lûke soe, dêr ek dalje op komme soe. Dy reaksjes, dy diskusjes geane ommers yn wêzen net oer jild, mar om foar te kommen dat mei jild wat foar it brûken fan de Fryske taal berikt wurdt. Jild moat der lykwols komme. Dat is net allinne in taak foar de gemeenten sels, mar ek foar Provinsje, Ryk en Europa. It Frysk is net fergees. We moatte dêr jild foaroer ha. Wysels ek! Dat it om bedraggen fan neat giet, docht der net ta. De deputearre wol no 450.000 euro beskikber stelle. Dat is noch net iens in heal miljoen. Dan sjogge we, as it om guon oare dingen giet, wol hiel oare bedraggen foarbykommen.

In pear foarbylden. Efkes apels mei parren ferlykje. LF 2018 is begrutte op sa’n 70 miljoen. De alve fonteinen hinget in priiskaartsje fan 5,6 miljoen oan. De sjongende dyk by Stiens – witte jimme it noch? – dat wie 80.000 euro. En dan noch hiel wat oars. De werynrjochting fan it stasjonsgebiet yn Ljouwert foel twa miljoen djoerder út. Begryp my goed, ik ha der neat op tsjin, mar as ik sokke bedraggen foarbykommen sjoch, dan tink ik dat in pear sinten foar it Frysk ek wol kinne moatte.

Nochris, Europa stelt ferdraggen op foar minderheden en minderheidstalen. As it Europa earnst is, dan heart dêr jild by. Nederlân stelt wetten en ferdraggen foar it Frysk op. Dêr jildt itselde foar. De provinsje Fryslân en de gemeenten yn Fryslân moatte it Frysk dat lykweardige plak jaan wolle en as it harren tinken is, moatte se dêr ek jild foaroer ha. Yn in provinsje, dy’t de wegebelesting mei sa’n 20 miljoen jiers ferleget, moat dat wol lije kinne. Nochris wat minder wegebelesting ha ’k ek neat op tsjin, mar wa’t soks lêst en yn Fryslân graach gewoan Frysk prate wol, is net ûnder de yndruk fan 450.00 euro. Hie it net wat mear wêze kinnen? Dy fraach komt earder. It Frysk is ommers net fergees.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 23 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
juny 26, 2018 11:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Pecunia juny 27, 16:49

    Jild jaan wurket net, dat wurd dochs wer útjûn oan oare dingen as wêr it foar betsjut is (tink oan it jild foar it ûnderwiis). Jild ôfnimme, dat wurket wol: in oprinnende boete as it stelde doel net helle is en de ferantwurdliken dien jaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.