Moarn bysûnder konsert yn Ljouwert

juny 27, 2018 12:31

Tongersdei 28 juny is der yn de Fermoanje (Doopsgesinde tsjerke) te Ljouwert oan ‘e Wurdumerdyk in útfiering fan in bysûndere en alderaardichste komposysje, de Historia Guidonis Aretini.

It stik waard skreaun troch de yn Ljouwert berne komponist Bram Hijmans (1932-1996) en foar it earst útfierd yn 1965 te Amsterdam. It fertelt it ferhaal fan de Italiaanske muonts Guido fan Arezzo (991-1033), dy’t as koarlieder en muzyklearaar op it idee kaam om syn learlingen it toantreffen te learen op de nammen do, re, mi ensafuorthinne. Guido wurdt dan ek sjoen as de grûnlizzer fan de westerske muzykpedagogyk.

Schola Cantorum Mistúra

Syn oanpak waard jierren letter, om 1850 hinne,  yn Ingelân neifolge troch John Curwen en yn Amearika troch Justine Ward. Yn Nederlân paste de grûnlizzer fan de algemiene muzikale foarming fan skoalbern, Willem Gehrels (1885-1971), dat systeem ek ta. It wie foar de fiering fan dy syn tachtichste jierdei (1965) dat Bram Hijmans fan it ministearje fan CRM de opdracht krige in komposysje te skriuwen. Dy lei it ferbân fan de jubilaris mei syn fiere foargonger.

Yn Ljouwert wurdt it wurk útfierd troch de Schola Cantorum Mistúra, mei begelieding fan oargel, piano en fjouwer blazers. De fertellersrol wurdt fertolke troch Liuwe H. Westra. Foar dizze gelegenheid binne der ek nochris moaie ljochtbylden en spesjale effekten. It gehiel stier ûnder lieding fan Piet Vessies.

De útfiering is ûnderdiel fan de City Proms Ljouwert en sadwaande fergees tagonklik.
It begjint om 20.30 oere.

juny 27, 2018 12:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*