Bach-estafette 2018 – 16 juny 2018 (oanfolle)

juny 12, 2018 19:32

Sneon 16 juny is der yn it ramt fan de Bach-estafette 2018 in konsert yn de Martinytsjerke fan Snits. Durk Donker spilet op it oargel ûnder mear de Fuga yn g, it Concerto yn d neffens Vivaldi en ûnderskate koralen.
Der is fokale meiwurking fan it Huzumer Vokaal Dûbeldkwartet.

It konsert begjint om 16.00 oere. De tagong is fergees.

It earstfolgjende estafettekonsert dêrnei is op sneon 7 july, ek om 16.00 oere, yn de Gruttsjerke fan Ljouwert. Dan spilet Peter van der Zwaag.

De Bach-estafette LF2018 is in rige fan 22 konserten op de fiif monumintale oargels fan Boalsert, Frjentsjer, Harns, Ljouwert en Snits. Dêryn spylje (ynter)nasjonaal ferneamde oargelisten it oargeloeuvre fan Johann Sebatian Bach. Wurk fan ‘besibbe’ komponisten wurdt dêroan tafoege. Ein july 2018 is der in ynternasjonale oargelwike en fierder steane der in oargelekskursje, in rige lêzingen en twa histoaryske stedskuiers op it programma. De Ljouwerter oargelist Theo Jellema  hat de konsertrige op 24 maart iepene en slút him op 26 desimber yn de Grutte of Jacobinertsjerke fan Ljouwert ôf mei in Bach-programma mei krystkomposysjes. Dat konsert begjint om 15.00 oere.

Sjoch foar mear ynformaasje https://www.friesland.nl/nl/agenda/737034910/de-bach-estafette-2018

 

 

 

 

 

 

 

juny 12, 2018 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.