‘YouTube easket dat trailer film Redbad fuorthelle wurdt’

maaie 29, 2018 08:47

YouTube hat de makkers fan de nije Nederlânske film Redbad frege om de trailer fan de film fuort te heljen. It bedriuw wegeret ek it promoasjefilmke fan it histoarysk epos, dat ein juny yn premjêre giet, ûnder de oandacht fan brûkers te bringen. Dat berjochte produsint Klaas de Jong sneon. De trailer fan Redbad soe neffens YouTube “misledigjend foar grutte befolkingsgroepen wêze”, sa skriuwt de ynternettsjinst yn in brief oan de filmmakkers.

De film giet oer de Fryske held Redbad (spile troch Gijs Naber) dy’t yn de iere midsiuwen, mei help fan de Wytsingen, striid fierde tsjin de kristenen dy’t harren leauwe mei hurde hân opkrongen oan de lege lannen. It ferset tsjin it twongen bekearen ta it kristendom is in wichtich tema yn de film. “Ut Nederlânsk perspektyf wei is it ferset tsjin it kristendom gjin grut tema”, stelt De Jong. “Mar yn de rest fan de wrâld is dat blykber wol in enoarm ding. Ik foel echt fan myn stoel: it is nuver dat Amerikanen no bepale wolle wat foar Nederlanners oanstjitjaand wêze moat.” De Jong is net fan doel om de trailer fan Redbad oan te passen of fuort te heljen. Besjoch de trailer.

Yn de Ingelsktalige film oer de Fryske kening wurdt neffens berjochten gjin wurd Frysk sprutsen.

maaie 29, 2018 08:47
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Bensliman maaie 30, 17:21

    Redbad was toch Fries?

  2. Anders Lundgren maaie 31, 06:13

    Euhm ik tocht dat ‘t om FACEBOOK gie en net om YouTube!!!

  3. Anders Lundgren maaie 31, 06:18

    Ah nei Facebook is no YouTube oan ‘t krimmenearen? Net best! Efkes opsocht 🙂

    D’r wurdt dus troch de “sociale media” bepaalt wat wol en net goed is …

  4. Rob juny 1, 13:18

    @AL: Social media bestiet net. Ien dy’t sosjaal is giet by freonen del. Facebook is foar lju dy’t it te folle muoite fine om mei freonen in petear fan mear as fjouwer sinnen te hawwen of op in like te klikken.

  5. Titie juny 8, 07:30

    De film is yn elts gefal misledigjend foar de Friezen as der yndie gjin wurd Frysk sprutsen wurdt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.