Ynternasjonaal renommearre La Fabrique Royale haadact Frysk Strjitfestival

maaie 13, 2018 10:47

It Frânske selskip La Fabrique Royale is dit jier de haadact fan it Frysk Strjitfestival op 25 en 26 maaie yn Ljouwert. Dizze freerunners hearre ta de top fan it ynternasjonale freerunnen en ha noch nea earder yn Nederlân te sjen west.

La Fabrique Royale mei de útfiering ‘Zéro Degré’ (foto: Frysk Strjitfestival)

“Hja rinne op dakken en fleane letterlik fan dak nei dak mei in yndrukwekkende presyzje. It is in bysûnder spektakulêre foarstelling”, fertelt Léonie Dijkema, strjitteäterprogrammeur fan it Frysk Strjitfestival. “Hja spylje mei de romte dy’t se hawwe, op dakken en oan gevels. Je sille Ljouwert dêrnei foar altyd oars besjen.” La Fabrique Royale arrivearret op moandei 21 maaie yn Ljouwert en is de hiele wike yn ’e stêd te sjen. De útfiering wurdt mei mooglik makke troch Stedsskouboarch De Harmonie.

In oar hichtepunt is neffens Dijkema de foarstelling No Way Back fan Duo Berlingo. “Hja spylje in komyske sirkusfoarstelling yn in prachtich dekôr fan in protte grientekratten. As wy it hawwe oer grappige foarstellingen, dan meie minsken Murmuyo ek absolút net misse. Dy Sileenske klown is op ’e syk nei freonen en docht dat op bysûnder grappige wize. Hy ymprovisearret mei alles en elkenien dy’t er tsjinkomt”, fertelt Dijkema.

Muzyk
By de muzikale optredens binne ek de nedige hichtepunten, wêrûnder Orgel Vreten, Handsome Poets, Mamihlapinatapai, Lindsay Beaver & the 24th St Wailers en Susan en Freek. Orgel Vreten stiet bekend om de swingende nûmers en ronkjende Hammond-oargels. “It is in feestlike útsmiter dy’t krekt efkes oars smakket”, fertelt muzykprogrammeur Titus van ’t Veer. Handsome Poets is in positive hitmasine dy’t alle optredens wer knalt. “Mamihlapinatapai is in feestlik brousel fan balkan, cumbia, ska en noch folle mear. De Kanadeeske Lindsay Beaver & the 24th St Wailers bringt blues en rock ’n roll-ynfloeden. Hja drumt steand en hat in dyk fan in stim. Susan en Freek spylje it publyk plat mei ûntwapenjende poadiumpresintaasje en ferrassende covers.”

De Parade
Nij dit jier is de iepening fan it Frysk Strjitfestival mei in teatrale parade. Yn de parade rinne ûnder oare De Slikwerkers fan Nynke van Duinen, de Timecruisers fan Abacus Theater, Circus Adje Meesterklas, Circus Saranti en de flamenkodûnsers fan Dance d’Ali mei. Aktrise en sjongeres Bertrie Wierenga presintearret De Parade. “It wurdt in teatrale ôftraap fan de 38e edysje fan it Frysk Strjitfestival mei in moaie kombinaasje fan lokale groepen en nasjonale acts”, fertelt Tet Rozendal. Ut namme fan it Frysk Strjitfestival organisearret sy de parade.

It Frysk Strjitfestival is op freed 25 en sneon 26 maaie en is in traktaasje fan Stedsskouboarch De Harmonie. It festival wurdt mei mooglik makke troch Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslân, It Ljouwerter Undernimmersfûns, Grafyske Groep Van der Eems, Verno BV, GV Stage Equipment en de Ljouwerter hoareka.

maaie 13, 2018 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.