Ynskriuwe foar The ride for you!

maaie 15, 2018 15:59

The ride for you fiert syn fiifjierrich bestean. De toerrit is spesjaal foar jongelju fan 9 oant 22 jier mei in ûnbekende sykte, om se in ûnferjitlike dei te besoargjen. De rit wurdt jierliks organisearre troch de Femke-foundation.

Op 26 maaie 2018 ride fyftich jongelju mei fyftich entûsjaste sjauffeurs yn prachtige en opfallende sportweinen troch it betsjoenende Fryske lânskip. Om 10.00 oere hinne is de start op it terrein by it Victoria Park yn Wolvegea.

Nei in prachtige toerrit is de finish middeis rûn 16.30 oere op it Aldehôfstertsjerkhôf te Ljouwert ûnder de karakteristike skeve Aldehou. Fansels wurdt in tuskenstop makke foar in hearlik wiidweidige lunsj.

Jongelju fan 9 oant 22 jier mei in net-begrepen of ûnbekend syktebyld kinne har ynskriuwe, want der is noch plak om mei te riden yn in Ferrari, Maserati, Porsche, Jaguar of oare eksoat om siikwêzen efkes te ferjitten.

De Femke-foundation hat as doel omtinken te jaan oan jongelju mei ûnbekende en/of faak net sichtbere sykten en se yn it sintsje te setten. Neist eveneminten as The ride for you en The largest parade of trucks hat de Femke-foundation ek in spesjaal team foar bysûndere yndividuele winsken.

Foar mear ynformaasje oer The ride for you en de Femke foundation: femkefoundation.nltherideforyou.nl

maaie 15, 2018 15:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*