Wurdt dit de nije presidint fan Kataloanië?

maaie 11, 2018 00:16

Joaquim Torra i Pia.
Foto: Wikipedia / Josep Renalias (CC).

Kataloanië sit al sûnt oktober sûnder presidint. It parlemint woe de ôfsette presidint Carles Puigdemont op ‘e nij beneame, mar de Spaanske oerheid wol him ferfolgje. Hy is op it stuit yn Dútslân, dêr’t er ta it foldwaan bliuwe moat fan ‘e plysje, dy’t him mooglik oan Spanje útleverje sil. Puigdemont hat no in kandidaat foar it presidintskip nei foarren ta skood, Joaquim Torra i Pia.

Tsjin it sin fan it regear yn Madrid hawwe Puigdemont en syn regear mei goedkarring fan it Katalaanske parlemint ferline jier in referindum útskreaun oer ôfskieding troch Kataloanië fan Spanje. De Katalanen keazen foar dy ôfskieding. Yn reaksje dêrop waard it Katalaanske regear ôfset en skreau Spanje yn Kataloanië nije ferkiezings út. Dy laten derta dat it âlde parlemint sûnder grutte wizigings weromkaam en Puigdemont fannijs as presidint oanstelle woe.

Puigdemont hat earder noch ien fan syn ministers as opfolger foardroegen, mar dy sit ek finzen. Fiif dagen lyn prate it Katalaanske parlemint deroer om Puigdemont dochs te beneamen, mar dat waard him net.

Joaquim Torra i Pia wurdt meastal Quim Torra neamd. Hy is in bekend foarstanner fan in ûnôfhinklik Kataloanië. Hy wurket as abbekaat. Dêrneist is er bekend as skriuwer fan histoaryske boeken en as útjouwer.

Kataloanië moat avensearje. As der op 22 maaie gjin nije presidint beneamd is, wurde der nije ferkiezings útskreaun.

maaie 11, 2018 00:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.