Wer sjitterij op Amerikaanske skoalle
Resint ferskynd
Yn it Amerikaanske Santa Fe hat ien op in middelbere skoalle om him hinne sketten. Njoggen learlingen en in learaar binne dêrtroch om it libben kommen. Ferskate oaren, ûnder wa in plysje, binne ferwûne rekke. De plysje hat fierder bommen yn it skoalgebou fûn. Oft dêr ek ien fan ûntploft is, is op it stuit net wis.
De moarns om healwei achten pleatslike tiid wiene de lessen op ‘e Santa Fe High School begûn, doe’t it brânalaarm ôfgie. De learaars en learlingen ûntrommen de lokalen. Doe’t se op ‘e gong rûnen, hearden se sjitterij. Yn it tekenlokaal skeat ien om him hinne. De plysje wie fuort teplak en hat learlingen derút konfoaid.
De plysje fan Teksas, de steat dêr’t Santa Fe yn leit, hat twa minsken arrestearre yn ferbân mei de saak. Ien fan harren is in learling fan de skoalle. Santa Fe is in stedsje fan trettjin tûzen minsken.
It is de tredde sjitterij op in skoalle yn ‘e Feriene Steaten yn in wike tiid. Ferline wike freed skeat in fjirtjinjierrige learling op in skoalle yn Kalifornië om him hinne, mei ien ferwûne slachtoffer as resultaat. Ofrûne woansdei skeat in meiwurker fan in skoalle yn Illinois op in âld-learling.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje