Wer ekskuzen foar trein dy’t pear sekonden te betiid fuortried

maaie 17, 2018 09:14

Foto: pixabay.com

Foar de twadde kear yn in healjier tiid hat in Japansk iepenbier ferfierbedriuw ekskuzen oanbean foar in trein dy’t in pear sekonden te betiid fuortried. Dat is in deasûnde yn it punktuele lân. De trein ferliet it stasjon fan Notogawa yn Midden-Japan om 07.11.35, ynstee fan om krekt 07.12 oere. Guon reizgers misten dêrtroch harren oansluting en moasten seis minuten wachtsje. “It grutte ûngemak dat wy feroarsake hawwe is echt net te ferjaan”, skriuwt de treinmaatskippij JR West yn in ferklearring. “Wy sille ús hâlden en dragen evaluearje om foar te kommen dat soks wer bart.”

Neffens pleatslike media tocht de kondukteur dat syn trein om 07.11 oere fuortride moast. Hy hie syn flater op ’e tiid troch, mar wie bang dat as er de doarren wer iependwaan soe, de trein fertraging oprinne soe. Om’t er net ien mear seach dy’t stie te wachtsjen, liet er de trein fuortride. Letter blieken der dochs guon reizgers dupearre te wêzen.

Yn novimber gie it ek alris mis yn Japan: doe ried in trein tweintich sekonden te betiid fuort. Yn ’e rest fan ’e wrâld binne sokke diskrepânsjes te ferwaarleazgjen, mar de Japanske spoarwegen stean bekend om harren puntualiteit.

maaie 17, 2018 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*