Webside FNP-Waadhoeke no ek yn it Frjentsjerters
Resint ferskynd
De nijsberjochten op it webstee fan FNP-Waadhoeke kinne yn trije talen lêzen wurde: yn it Frysk, it Biltsk en it Nederlânsk.
Yn gearwurking mei de ‘Genoaten fan ut Franekers’, kin it webstee fan FNP-Waadhoeke no ek yn it Frjentsjerters rieplachte wurde. Ien fan de Genoaten hat it oersetten foar syn rekken nommen. Alle aktuele siden binne no ek yn ‘t Frjentsjerters. De gemeente Waadhoeke hjit no yn it Biltsk “Waddenhoek” en yn it Frjentsjerters “Wâdhoeke”. Dat lit sjen dat beide “talen” harren eigen “aigene / eigene” hawwe.
De FNP wol dêr net allinnich rjocht mei dwaan oan de ferskillende (ming)talen dy ‘t yn ‘e Waadhoeke sprutsen wurde, mar lit ek sjen dat it syn partijprogram, ek wat taal en kultuer oangiet, uterst serieus nimt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje