Waste Battle 2018 set útein

maaie 14, 2018 08:17

RSG Magister Alvinus yn Snits (foto: Wikipedia/Nlsven – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Op moandei 14 maaie om 9.00 oere set by de RSG Magister Alvinus yn Snits de Waste Battle 2018 útein. By de Waste Battles fan de foarige jierren strieden learlingen fan it fuortset ûnderwiis út de gemeente Súdwest-Fryslân yn groepkes tsjininoar wa’t it bêste idee hie om swalkôffal foar te kommen. Wethâlder Erik Faber iepenet de Waste Battle 2018. Gooitske Zijlstra en Ane Norder fan Norder Advies jouwe in yntroduksje.

De tredde Waste Battle
De Waste Battle wurdt dit jier foar de tredde kear organisearre. “It is wichtich dat de Waste Battle him rjochtet op it foarkommen fan ôffal. En dat it in wedstriid foar jongerein is”, seit wethâlder  Faber.

Snitswike
Dit jier rjochtet de Waste Battle him op de Snitswike. Der dogge dit jier nammentlik allinne mar skoallen mei út Snits. “As gemeente sykje wy nei oplossings foar it ôffalprobleem by eveneminten”, seit de wethâlder. “De Snitswike is in evenemint dat de measte learlingen wol kenne. De learlingen komme fêst mei goede ideeën, ideeën fan jonge minsken binne altyd ynspirearjend.”

Wa betinkt it bêste idee?
Yn maaie en juny binne de foarwedstriden. Yn trije dagen sille goed 120 learlingen yn groepkes oan ’e slach. De data fan de foarwedstriden binne:
– 14-16 maaie RSG Magister Alvinus (VWO/Gymnasium, learjier 3);
– 6-8 juny Nordwin College (VMBO-GL, learjier 2);
– 12-14 juny CSG Bogerman (Atheneum, learjier 2).

Fan elke skoalle gean de bêste twa ideeën troch nei de finale.

Winner en dan?
De finale is op 6 july yn Snits. Ferline jier wûn tiim The Green Core fan RSG Magister Alvinus. De learlingen binne no mei harren learaar en de partners dwaande om har idee út te fieren. It bliuwt dus net inkeld by in idee.

De Waste Battle Súdwest-Fryslân is in inisjatyf fan Gooitz, it bedriuw fan Gooitske Zijlstra, yn gearwurking mei Norder Advies. De gemeente Súdwest-Fryslân stelt jild beskikber foar de Waste Battle. De lokale bedriuwen Rabobank Snits-Súdwest Fryslân, Roelofs BV, Jumbo Kooistra en Omrin (nij dit jier) stelle jild, tiid en kennis beskikber. Mear ynformaasje fine jo op www.wastebattle.nl.

maaie 14, 2018 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.