Waarpraatsje: tonger op memmedei

maaie 12, 2018 20:32

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in moaie en waarme sneon, sil it ek snein waarm wêze. Letter op ‘e dei is der kâns op in (swiere) tongerbui.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein is it frij helder. By in swakke oant matige eastewyn wurdt it trettjin graden.

Moarn wurdt it in lêstige dei. De ferskillen yn Nederlân binne grut. De kâns is grut dat de sinne yn Fryslân earst noch wol te sjen is. Yn ‘e rin fan de dei nimt de kâns op in pear (swiere) tongerbuien ta. It is tige ûnwis wêr’t dy falle sille. De temperatuersferwachting foar snein is ek dreech. It kin, nei alle gedachten, tusken de achttjin en fjouwerentweintich graden wurde. De easte- oant noardeastewyn is swak oant matich.

Nei it wykein is it de earste dagen drûch en waarm. Boppedat is der in protte sinne.

Jan Brinksma

maaie 12, 2018 20:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.