Waarpraatsje: mei de Pinkster mear sinne en waarmer

maaie 18, 2018 12:54

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Freed en sneon is der noch in protte bewolking, mar mei de pinksterdagen komt de sinne werom en wurdt it waarmer.

Yn ’e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en soe der in bui(ke) falle kinne. By in swakke oant matige noardwestewyn wurdt it acht graden.

Sneon is der ek in soad bewolking en wurdt it om de fjirtjin graden hinne. De noarde- oant noardwestewyn is swak oant matich.

Snein (earste pinksterdei) sille wy de sinne wer sjen en wurdt it mei in graad as tweintich in stik waarmer.

Twadde pinksterdei sjocht der ek goed út. It kin sels noch in bytsje waarmer wurde. De swakke oant matige wyn komt beide dagen út it easten.

Fan tiisdei ôf is de ferwachting ûnwis.

Jan Brinksma

 

 

maaie 18, 2018 12:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*