Waarpraatsje: lytse tebekset

maaie 15, 2018 20:16

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear strieljende dagen krije we fan woansdei ôf te meitsjen mei in lytse tebekset. Der komt mear bewolking en it sil net sa waarm mear wêze as de ôfrûne dagen.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder. By in matige noarde-, letter noardwestewyn wurdt it alve graden.

Woansdei is der neist sinne ek bewolking. De matige wyn komt út it noarden. It wurdt tusken de fjirtjin en achttjin graden en it bliuwt, nei alle gedachten, drûch.

Tongersdei sille wy de sinne net folle sjen en wurdt it noch wat frisser.

Jan Brinksma

maaie 15, 2018 20:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*