Waarpraatsje: kreas maitiidswaar

maaie 11, 2018 22:47

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in lytse tebekset is it dochs wer kreas maitiidswaar wurden. Ek foar sneon sjocht it der goed út.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is der sa út en troch bewolking en wurdt it net folle kâlder as tsien graden. De súdeastewyn is swak oant matich.

Sneon is der nochal wat hege bewolking, mar we sille de sinne grif ek wol sjen. It wurdt mei temperaturen tusken de tweintich en trijentweintich graden in waarme dei. De súdeastewyn is op ‘e nij swak oant matich.

It waar foar snein is ûnwis. De loft is berûn en der is kâns op rein. Oer de temperatuer is noch gjin goede útspraak te dwaan. Dy leit foarearst tusken de trettjin en de tweintich graden.

Jan Brinksma

maaie 11, 2018 22:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.