Waarpraatsje: gewoan maitiidswaar

maaie 17, 2018 14:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – We ha te meitsjen mei waar sa’t dat gewoanwei yn ‘e maitiid it measte yn ús lân foarkomt, mar mei de pinksterdagen wurdt it wer waarm mei in protte sinne.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft berûn en wurdt it by in swakke oant matige noardewyn acht graden. Freed is der earst bewolking, mar geandewei de dei sille wy de sinne sa út en troch ek sjen. De noarde- oant noardwestewyn is matich. It wurdt tusken de tolve en fyftjin graden.

Sneon feroaret der noch net folle oan it koele maitiidswaar, mar fan snein ôf komt de sinne werom en wurdt it ek wer waarmer. It sjocht der foar de pinksterdagen goed út.

Tuskenstân:
De moanne maaie docht it hiel goed. By it KNMI yn De Bilt hat de sinne oant en mei de fyftjinde al 166 oeren skynd. Gewoanwei is dat 207 oeren yn de hiele moanne. De blommemoanne is ek al oardel graad te waarm. De gêrsmoanne wie ek al folle waarmer as gewoanwei.

Jan Brinksma

maaie 17, 2018 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*