Waarpraatsje: frisse tongersdei

maaie 16, 2018 19:10

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in rûzige mar hiele aardige woansdei sil it tongersdei en freed allegear in bytsje ôffalle. Fan sneon ôf knapt it waar wer op.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder. Der stiet wol in matige en by de Iselmar en de Waadkust frij krêftige noardewyn. It wurdt acht graden.

Tongersdei is de loft meastentiids berûn mar it bliuwt drûch. De noarde- oant noardwestewyn is matich en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt net folle waarmer as fjirtjin graden.

Freed feroaret der net folle oant it waar.

Fan sneon ôf komt de maitiid stadichoan werom.

Jan Brinksma

 

maaie 16, 2018 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.